Noardeast-Fryslân wurdt reinbôgegemeente: "Een historische dag"

01 okt 2020 - 22:48

De gemeenteried fan Noardeast-Fryslân hat der tongersdeitejûn mei ynstimd om reinbôgegemeente te wurden. Mei dit beslút wol de gemeente tawurkje nei in mienskip wêryn't alle ynwenners harren feilich en frij fiele om te wêzen wa't se binne.

Foto: S!N

De lokale partij S!N sprekt fan in histoaryske dei en stekt de flagge út. Fraksjefoarsitter Rebecca Slijver: "Wat een prachtige dag! We zijn hier, samen met de regenboogwerkgroep, al jaren mee bezig." Earder slagge it de wurkgroep om alle jierren de reinbôgeflagge, dy't symboal stiet foar de LHBTI+-mienskip, op Coming Out Day (11 oktober) oan it gemeentehûs fan Noardeast-Fryslân wapperje te litten.

Ek Gryte Schaafstal fan Partij van de Arbeid wie grutsk op de útkomst fan de stimming. It CDA besocht by it petear oer de reinbôgegemeente noch in moasje ûnder de oandacht te bringen, mar dy waard nei in frij hurd debat fuortstimd.

Rebecca Slijver fan S!N

Gryte Schaafstal fan de PvdA

Tineke Admiraal fan de wurkgroep sprekt yn foar it beslút - Foto: Omrop Fryslân, Ben de Jager

Lenie Lap en Tineke Admiraal sprutsen beiden yn foarôfgeand oan it debat en wiene nei ôfrin ek út de skroeven oer de útkomst.

No't Noardeast-Fryslân in reinbôgegemeente wurdt, komt der mear romte foar belied op it mêd fan LHBTI+. Sa kin der in aktiviteiteprogramma foar dit en takom jier opset wurde, mei bygelyks petearen op skoallen, by bedriuwen en mei sportferieningen, plysje en GGD. Neffens S!N is dat hurd nedich, om't der noch in soad diskriminaasje op basis fan seksuele aard is yn de gemeente.

Lenie Lap fan de reinbôgewurkgroep

(Advertinsje)
(Advertinsje)