Kabinet lûkt miljoenen út om fentilaasje op skoallen te ferbetterjen

It regear lûkt 360 miljoen euro út om de fentilaasje yn skoallen op oarder te bringen, mei it each op it coronafirus. Mear as ien op de tsien skoallen hat de fentilaasje net goed foarinoar, docht bliken út in ynventarisaasje fan it Landelijk Coördinatieteam Ventilatie op Scholen (LCVS) by goed 9.000 skoalgebouwen yn Nederlân. It koördinaasjeteam stiet ûnder lieding fan de Fries Doekle Terpstra.
© Shutterstock.com (ungvar)
Fan alle ûnderfrege skoallen foldogge 777 net oan de wetlike noarmen foar de luchtkwaliteit. Doekle Terpstra fan it koördinaasjeteam LCVS tinkt dat it tal skoallen heger leit. "Net alle skoallen ha yn steat west om de enkête op in goede manier yn te foljen. We hâlde der rekken mei dat it op in heger nivo telâne komt."
Maatregels dy't de skoallen nimme kinne om de situaasje te ferbetterjen, binne neffens Terpstra bygelyks fentilearje troch de ruten iepen te setten en fentilaasjeroasters of de technyske ynstallaasje neisjen. Ek kinne se CO2-mjitters brûke dy't mei kleuren oanjouwe oft it binnenklimaat op oarder is. "Der binne tal fan maatregels. Mar it is eins maatwurk foar elke skoalle, want gjinien skoalle is itselde."

Sibearyske tastannen?

De skoallen krije advys oer hoe't se de kommende winter de problemen oanpakke kinne, sûnder dat de ruten yn de lokalen de hiele dei iepen hoege. De skoalbern sitte de kommende tiid net te ferklomjen, fersekeret Terpstra. "We komme seker net yn Sibearyske tastannen telâne. Al hoopje ik it soms wol, want dan komt der in Alvestêdetocht. Yn skoallen sil dat yn alle gefallen net sa wêze, dus it is absolút net sa dat yn alle skoallen jongeren mei de trui oan, de mûtse op en moffen oan nei skoalle moatte. Dat is echt ûnsin."
Doekle Terpstra fan it koördinaasjeteam LCVS