Maratonrider Harm Visser blessearre by fytsûngelok

01 okt 2020 - 20:38

Maratonrider Harm Visser fan Team Jumbo-Visma hat in blessuere oprûn by it fytsen. It 19-jierrige maratontalint út De Westereen kaam te fallen by in fytstraining en bruts dêrby in middelhânsbonkje. Visser moat no twa oant trije wiken mei syn linker earm yn it gips.

Foto: Martin de Jong

It maratonseizoen begjint oer goed trije wiken, dêrom hoecht er gjin wedstriden te missen. Wol hat it konsekwinsjes foar de trainingen en de tarieding op it maratonseizoen. Hy giet wol mei op trainingskamp nei Insel yn Dútslân. Dêr sil er nei alle gedachten in oanpast trainingsskema folgje. Sels hopet er ek it iis op te kinnen.

Op sneon 24 oktober is yn Amsterdam de earste wedstriid om de Maraton Cup.

(Advertinsje)
(Advertinsje)