Q&A: Sybrand Buma beäntwurdet harkersfragen oer mûlkapkes en corona

01 okt 2020 - 20:06

Wêr moat ik no krekt in mûlkapke op dwaan? Hoefolle minsken meist thús noch ûntfange? En wêrom meie tsjerketsjinsten wol mear minsken ha? Sybrand Buma, foarsitter fan Veiligheidsregio Fryslân, beäntwurde tongersdei yn it radioprogramma Weistra op Wei sa folle mooglik fragen fan de harkers.

Sjoch hjirûnder nei in kompilaasje fan it frage-oerke:

Q&A Buma, fragen en antwurden

Hoe is de aktuele situaasje?

By ús is it sa dat it tanimt, en rap tanimt. Noch net op de hichte dy't de rest fan it lân hat en dat is goed nijs, mar wy moatte wol oplette want wy kinne no yn Fryslân net mear sizze dat it wol tafalt.

Us situaasje giet fan wach nei soarchlik, wat feroaret der dan?

As wy de strange maatregels fan dizze wike noch net hiene dan soene wy deselde maatregels krije as yn de grutte stêden, mar wy binne no alwer fierder. Dus foar no is der gjin ferskil.

Wêrom binne mûlkapkes net ferplichte yn iepenbiere romtes?

In ferplichting fynt men te fier gean om't it in behoarlike ynbrek is op elkenien syn frijheid. Dus sizze sy: in driuwend advys. Dat folgje ik dus en dat docht hiel Nederlân. Fryslân wykt dêr net fan ôf en dy sil ek net samar in ferplichting oplizze.

Meie jo ek in sjaal brûke om mûle en noas te bedekken?

Oant no ta ha wy sein: mûlkapke. Einliks is in sjaal is net genôch. Dus ik soe sizze: brûk in mûlkapke dat echt wurket. En as der neat is, dan binne der minsken dy't miskien in sjaal brûke, mar in echt mûlkapke is altyd better.

Dat bringt de boarger op ûnnedige kosten, wêr moatte minima al dy mûlkapkes fan betelje?

Ik wit net oft dat it grutste probleem wurde sil, omdat minsken einliks yn it foarjier ek al mûlkapkes nedich hiene. Ik tink dat de measte minsken se noch wol ha fan it begjin fan it jier. En der binne ek wol foarbylden jûn fan hoe't je sels mûlkapkes meitsje kinne fan âlde klean.

Binne de mûlkapkes skealik foar it miljeu?

Ik ha sels hieltyd in stoffen mûlkapke, dy kinne jo meardere kearen brûke. Dus myn advys soe wêze: soargje foar in kapke dat je mear as ien kear brûke kinne, want it is wol spitich as wy al dizze mûlkapkes weromfine yn it miljeu.

Wy hearre al wiken neat mear oer dy corona-app, wêrom net?

It lêste wat ik dêr fan heard ha, is dat it probleem is dat der safolle meldingen komme fan minsken dy't net siik binne, mar wol yn de buert wiene fan minsken mei miskien corona en dy't harsels teste lieten. Dus der wurdt te folle test, wat net nedich is en sy binne dwaande om de app sa te meitsjen dat je net te folle testen derút krije. Mar ik bin der ek op oan it wachtsjen en ik hoopje dat dat gau komme sil.

Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

Fraach fan Iris Kroes: As ik in konsert jou yn tsjerken yn Fryslân dêr't de 1,5 meter hanthavene wurdt en ik sjong 'Surrounded by water', mei it publyk dan meisjonge?

As in tsjerke brûkt wurdt foar kultuer en net foar in tsjerketsjinst, dan kinne der net mear as 30 minsken by. Dat is de nije regel. En ik leau dat meisjonge dan ek net kin. Der binne wol foarbylden fan koaren dy't allegear besmet waarden, ek al hâlden se dy oardel meter wol. Dus sjonge yn in groep is net sûnder risiko.

Wêrom wurdt der foar tsjerketsjinsten in útsûndering makke?

Dat hat mei ús grûnwet te krijen, want wy ha frijheid fan godstsjinst en dat kinne je net samar beheine. Dus foar tsjerken jildt dat je dêr mei mear as 30 minsken by mekoar wêze meie foar in tsjerketsjinst. It is de grûnwet dy't hjir bepaalt wat de grins is fan de regels.

As ik in jierdeisfeest ha en ik doch dat yn in grutte romte, hoefolle meie der dan komme?

De nije needferoardering is der no ien dei en ik ferwiis dochs nei de webside fan de Veiligheidsregio en ek lanlik, omdat wy sels ek noch net presys witte wat de regels yn de praktyk wurde.

Ik sjoch min, ha in bril op en dy beslacht oergryslik fan dat mûlkapke. It is echt in grut probleem.

Omdat it gjin ferplichting is, doch it mûlkapke efkes ôf as jo it net sjogge en dan sa gau as mooglik wer op. (Tip fan in harker: de ûnderrâne fan de bril efkes oer it mûlkapke hinne sette, dan is it klear.)

Mar as de meiwurkers yn de winkel dan sizze: jo moatte de mûlkap ophâlde en oars moatte jo fuort?

Dat is in probleem, mar dêr is gjin regel foar, in winkel mei dit sizze. En dan is it yndied dreech as jo neat sjogge. Ik begryp ek wol dat dat in ferfelende situaasje is.

Hoe kin it no dat yn in demokratysk lân in Veiligheidsregio sa folle macht hat, mar der wurdt gjin ferantwurding ôflein oer dy macht. Hoe sjocht Buma dat?

Dat is sein, mar der wurdt wol ferantwurding ôflein. Allinne it giet net sa direkt. Ik lis ferantwurding ôf foar de boargemasters. Dus der is altyd ferantwurding en ek efter dizze krisis. Mar wat eins it punt is, is dat yn in demokrasy wy ek in systeem ha. De krisis is grut, en dan ha wy in Veiligheidsregio nedich dy't fluch oanlûke kin. En dat is net tsjin de demokrasy, mar yn sa'n krisis is altyd in systeem om fluch agearje te kinnen. As de krisis foarby is, ha wy wer in normale demokrasy en sille wy weromsjen oer ús hanneljen yn de coronatiid.

Cambuur hat de saken prima foar mekoar, wêrom meie dêr aanst gjin suporters mear komme? Want yn teäters mei it noch wol.

Cambuur docht wat it kin, mar wy ha altyd noch de fans dy't wol sjonge en raze, en dat kin net. Lanlik is sein: it risiko fan sportwedstriden is te grut en dat begryp ik wol. Teäters binne oars om't minsken stilsitte, dus dêr kinne wy better kontrôle hâlde.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Harkje hjir nei it frage-oerke mei Sybrand Buma yn Weistra op Wei

Moat it ferpleechhûs him hâlde oan it lanlik belied fan de mûlkapkes of kinne sy binnen de organisaasje sels bepale wat sy dogge?

It belied dat sûnt juster bestiet oer de mûlkapkes moat noch útwurke wurde en ik hoopje dat freed dúdlik wurdt hoe't dat krekt is.

Yn it begjin waard der sprutsen oer groepsymmuniteit. Is dat net in bettere opsje no?

Der binne eins twa dingen. Ien: it giet net hurd genôch. Dus der binne no ien miljoen minsken dy't it hân ha, mar dat is net genôch. En it twadde is dat it net útsletten is, dat minsken it net twa kear krije kinne. Dus wy moatte no wol strang bliuwe.

Wy sitte hjir yn it lyts doarp en wy soene wer te biljerten yn ús doarpshûs. Mei dat en moatte wy ek om tsien oere ticht?

Ik wit de eksakte regels net, dêr kinne jo foar nei de gemeente. Mar ik soe sizze: yn dizze tiid soe ik net te folle organisearje. It is spitich, mar it is in tiid dat jo wer op tiid thús wêze moatte.

Dit wykein mei op It Amelân in grut sportevenemint, de Vuurtorentrail, trochgean mei supporters en oanhing en by amateurfuotbal meie âlden net iens op it sportterrein komme. Is dat út te lizzen?

It is dúdlik wat mei en wat net mei en as der tastimming jûn is, dan is it in evenemint wat binnen de regels is. Oars sil de boargemaster fan Amelân net sizze dat it kin.

De beropssjauffeurs, in krúsjaal berop, ha in probleem as jûns de hoareka ticht is. Sy kinne fan tefoaren noait sizze hoe let sy skoft ha. Wêr krije sy harren waarm iten wei?

Yn hiel Europa is fansels itselde probleem, en ik soe sizze dat mei de wurkjouwer ôfpraat wurde moat hoe't jo dêr mei omgean. Miskien binne der noch winkels iepen.

Hoe komt it mei de âlderein en iensumens?

Iensumens stekt de kop op by minsken dy't it hûs net mear út kinne. Ik fyn dat wy allegear lette moatte op de âlderein yn ús mienskip en wat mear belje, fia de app of de mail kontakt hâlde. Dat moatte wy wol mei-inoar dwaan, want oars hawwe wy in psychologysk probleem foar in protte minsken.

Hoe sjogge jo de kommende wiken?

Ik hoopje dat it genôch is, mar wy binne der noch net ôf. Ek nei dizze trije wiken bliuwe der in protte maatregels fan krêft. It duorret langer as wy tocht hiene, it is no de tiid dat de minsken siik wurde. It it hjerst en salang as der gjin faksin is, ha wy corona by ús en kin it altyd weromkomme.

(Advertinsje)
(Advertinsje)