De Nachtwacht yn Nes: kompleter as yn it Ryksmuseum en tsjusterder

01 okt 2020 - 17:45

Yn de Teätertsjerke fan Nes (NEF) is fan tongersdei ôf oan de tentoanstelling Nachtwacht°360 te sjen. Der is ûnder oare in fotografyske reproduksje fan de Nachtwacht en der hingje panielen mei foto's fan de personaazjes fan Rembrandt syn ferneamde skilderij. It is oant yn de details neimakke mei look-a-likes. It is yntusken in wrâldferneamde tentoanstelling dy't hjirnei ek noch nei Tokio sil.

Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

De Nachtwacht yn Nes is kompleter as yn it Ryksmuseum. It skilderij dat yn Amsterdam hinget, mist in stikje. Dat is derôf seage. De útstalling yn Nes hat dat oarspronklike stikje der wol by.

It is de earste kear dat de eksposysje yn dizze foarm te sjen is bûten it atelier fan Hans Ubbink yn Amsterdam. In part fan de eksposyje hat al wol yn Miami, Hamburg en Brussel west.

Achterkant fan de Nachtwacht - Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

De eksposysje yn Nes omfettet 35 wurken, fan lyts oant grut. Kostúms, helms en mear, koartsein: alle foarwerpen dy't op de Nachtwacht te sjen binne. En fansels de opfallende foto's fan look-a-likes dy't fotograaf Julius Rooymans makke hat.

Moadeûntwerper Hans Ubbink soarge foar de kostúms. Yn de hoarekaromte yn it lokaal by de tsjerke hingje skilderijen fan Gerrit Breteler. Sa wurdt de ferbining mei de skilderkeunst wer ta stân brocht.

Kostúms fan de personaazjes - Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Anke Bijlsma fan de teätertsjerke waard op it idee brocht troch grimeur Arjen van der Grijn fan Grou. Hy wie yn Amstrerdam dwaande mei de Nachtwacht°360 en tocht dat it in goed idee wie om it nei Nes te heljen. Dat is Anke Bijlsma slagge. Boppedat, Nes en omkriten hearre ta de tsjusterste gebieten fan Nederlân, dus de link mei de nacht is der ek, seit se.

De eksposysje is coronaproof. Besikers krije útlis dy't te hearren is oer de boksen. Se hoege gjin earkes yn, sa't dat oars altyd giet by in audiotour.

Foto look-a-like fan it hûntsje op de Nachtwacht - Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Ferslachjouwer Ronnie Porte yn petear mei Anke Bijlsma

Petear mei moadeûntwerper Hans Ubbink en fotograaf Julius Rooymans

(Advertinsje)
(Advertinsje)