Bleate billen en persoanlike winsken yn nije keuken Riemsoord Appelskea

Jierren wie it sawat de trend om it iten yn soarchsintra sintraal te regeljen yn grutte keukens. Mar op guon plakken lykje minsken dêrop werom te kommen. Lykas yn Appelskea, dêr't sûnt dizze wike wer in kok oan it wurk is yn soarchsintrum Riemsoord.
Nije keuken soarchsintrum Liante
De kuolkasten, de magnetron en sels de frituer lykje wol te blinken yn de keuken fan soarchsintrum Riemsoord yn Appelskea. Grut is er net, mar dat hoecht ek net. It soarchsintrum hat krekt wat mear as tritich bewenners en dêrfoar is in standertkeuken eins prima.
It is in bysûnder plak yn it soarchsintrum, want de keuken is dizze wike krekt wer op 'e nij iepene, nei't er jierren eins amper brûkt waard. It waarme middeismiel kaam jierrenlang út in gruttere keuken, net yn eigen hûs.
Kok Nadia Veldman
© Omrop Fryslân
Kok Nadia Veldman stiet al om njoggen oere tongersdeitemoarn foaroerbûge oer har snijplanke. Der stiet tongersdei makaroany op it menu, en dêrfoar moatte sipels snijd wurde. Mar ek ierappels mei andyvje moatte foar tolve oere sean wêze. Se hat it der mar drok mei.
De kok wurket sûnt septimber yn Appelskea en it foldocht har goed. Hjirfoar sea Nadia wol foar mear as trijehûndert minsken iten, wylst it no mei fjirtich wol ophâldt.

Bleate billen

Dat de groep in stik lytser is, soarget derfoar dat der mear romte is foar in persoanlike oanpak, sa leit Renate Winter út. Sy is liedingjaande yn de soarchynstelling. Trochdat de kok no by de minsken 'om 'e hoeke' is, kinne se makliker freegje om oanpassingen, of miskien sels in resept oerjaan.
Nadia neamt sa in pear 'klassikers' dy't se ynkoarten wol ferwachtet: "blote billetjes in het gras", "hete bliksem" of "boekweit". As it mar sêft is, laket se. Want dat is by dizze doelgroep wichtich.

Wolvegea

De stap om wer in lytsere keuken op te túgjen is neffens Liante in finansjele en organisatoaryske útdaging. Mar se wolle it ynkoarten dochs ek besykje yn in soarchsintrum yn Wolvegea.
Renate Winters, liedingjaande
© Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar