Is it corona-risiko by sjongkoaren te grut?

Sjongkoaren wiene al in skoftke wer foarsichtich los mei repetysjes. Mar de soargen slûpe der dêr ek wer yn, no't it coronafirus wer om him hinne grypt. Ek yn de koarwrâld. Want by in koar yn Leiden binne njoggen leden besmet rekke, ek al stiene sy goed op ôfstân fan inoar yn in grutte repetysjeromte mei de doarren en de ruten iepen. Ek sekretaris Gauke Dijkstra fan it Bond van Zangkoren in Friesland hat noed oer hoe't it no fierder moat.
© Shutterstock.com (Anna Jurkovska)
"Der binne dochs twivels oan de regels fan it RIVM dat it wol fertroud is," seit Dijkstra. "Dat jout de nedige soargen, ek by ús as bestjoer. Mar ús leden sitte der hielendal mei. As je dy ferhalen lêze lykas dy yn De Volkskrant oer de problemen yn Leiden. Mar ek yn Heerde wie problematyk. Wy binne no sa'n trije wiken los, mar as jo sjogge nei de tanimming fan it tal besmettingen dan haw ik wol soargen."

"Doch foarsichtich"

Dijkstra hat net it foech om maatregels ôf te twingen, mar hy kin wol advys jaan. "As koaren wer úteinsette, moatte sy goed netinke oft sy oan alle rjochtlinen foldogge. Ik leau wol dat ik út namme fan it bûnsbestjoer sizze kin: doch foarsichtich. Doch efkes in pear wiken neat en sjoch nei wat de ûntwikkelingen binne. Ik wol gjin eangst struie, mar de sûnens giet wol boppe alles."
Faak giet it ek wol goed, tinkt Dijkstra. "De koaren dêr't ik no kontakt mei hân haw, hâlde harren goed oan de foarskriften. Mar de twivels binne no oft de fentilaasje dy't neistribbe wurdt, net dwersferkeard wurket. Sjonge is hartstikke leuk, wy dogge it foar ûntspanning. Mar it moat net te'n koste fan alles." In digitaal koar is meastentiids ek net in oplossing, tinkt er. "De measte koaren by ús yn it bûn dogge dat net. In digitaal koar wurket gewoan net altyd. Je wolle fansels ek it leafst mei-inoar sjonge."
Sekretaris Gauke Dijkstra fan it Bond van Zangkoren in Friesland