Smoken op stasjons ferbean, sigaretten tenei yn neutrale ferpakking

01 okt 2020 - 13:02

It is 1 oktober en al sûnt in pear jier wurde minsken mei de aksje Stoptober oproppen op te hâlden mei smoken. Tagelyk binne de smookpeallen op stasjons fuorthelle en sit smookwaar te nei yn in ûnsjogge ferpakking. Sa moat it smoken ûntmoedige wurde.

Maatregels smoke

Alle kleur is út de pakjes weihelle en de namme fan it merk stiet der yn typletters op. Fierders stiet der ek in warskôgingstekst mei ôfskrikwekkende foto op, mar dat wie al sa.

Oergongsfaze

Net alle pakjes hawwe fuortendaliks al nije ferpakkings. De winkels meie noch in jier lang de âlde foarried opmeitsje. Jeffrey de Vries fan de gruthannel hat oant no ta noch mar ien pakje binnenkrige. Der is sprake fan in oergongsfaze en hoe hurd oft it giet, hinget fan de foarried fan de leveransier ôf.

"Stûfe smokers gean troch"

Fan de effektiviteit fan de nije ferpakking ferwachtet De Vries net safolle: "Echte rokers blijven toch wel roken." Datselde seit ek Ulrik de Vries fan de Spar yn Frjentsjer. Op koarte termyn feroaret der net safolle, tinkt er. "Stûfe smokers gean wol troch."

Ferslachjouwer Gerrit de Boer praat op strjitte mei stûfe smokers

Ulrik de Vries fan de SPAR yn Frentsjer - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Begjin takom jier komt der wer in nije priisferheging fan it Ryk op sigaretten en sjek. Ek dat sil de diehards net ôfskrikke, tinkt De Vries fan de supermerk yn Frjentsjer. It is no al djoer. De faktor hege priis jildt no ek al.

Alle dagen 75 begjinnende jonge smokers

De ynfiering fan de neutralere ferpakkings is ûnderdiel fan it Nationaal Preventieakkoord. Yn Nederlân begjinne alle dagen 75 jongeren ûnder de 18 jier mei smoken.

De nije ferpakking fan sigaretten - Foto: ANP

Ferslachjouwer Gerrit de Boer oer de nije smokerij

(Advertinsje)
(Advertinsje)