Fragen oer de coronamaatregels? Stel se oan Sybrand Buma

01 okt 2020 - 12:34

Wêr moat ik no krekt in mûlkapke op dwaan? Hoefolle minsken meist thús noch ûntfange? Wa moat thúswurkje en wa net? Hoe komt it mei de kroegen, de sportklups, de teäters? Alle fragen dy'tst hast oer de coronamaatregels yn Fryslân kinst tongersdei stelle oan Sybrand Buma, foarsitter fan Veiligheidsregio Fryslân.

Foto: Omrop Fryslân

Buma is tongersdei tusken 16.00 en 17.00 oere ús gast yn ús radioprogramma Weistra op Wei. Dat is ek live te sjen op Omrop Fryslân-telefyzje en te beharkjen op Omrop Fryslân-radio.

Stel dyn fragen hjir

Kinst dyn fragen no al fêst ynstjoere mei de Omrop-app of nei 06-20 499 199. Fan 16.00 oere ôf kinst ek mei de útstjoering belje. It telefoannûmer is 058-212 36 18.

Oprop: stel dyn fraach!

(Advertinsje)
(Advertinsje)