Monumintaal ytkafee anneks doarpshûs yn Damwâld ticht

Ytkafee De Kruisweg yn Damwâld slút de doarren. Utbater Tjeerd Rintjema sei fan 't simmer al dat er ophâlde woe. Doe soe der noch in enkête komme oer hoe't it mei it gebou komme soe.
© Google Street View
De Kruisweg is in Ryksmonumint en waard ek brûkt as doarpshûs. Der stienen noch wat aktiviteiten op de aginda, mar troch de coronamaatregels gean dy net troch.
De eigeners hoopje dat der gau in nije ynfolling fan De Krúswei - sa't it yn it Frysk neamd wurdt -, komt. De gesellichheid en de leefberens yn it doarp moatte beholden bliuwe.