Liander bout 30 nije ferdielstasjons om netkapasiteit út te wreidzjen

01 okt 2020 - 10:55

Netbehearder Liander bout de kommende jierren tritich nije elektrisiteitsferdielstasjons yn Fryslân en wreidet fjirtich stasjons út. Dat is nedich om foldwaan te kinnen oan de rappe tanimming fan de fraach nei netkapasiteit en knipepunten op te lossen.

Liander oan it wurk - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Neffens Liander is der in soad lanlik gebiet yn Fryslân dat him goed lient foar it opwekken fan doursume enerzjy. It tal wynmûnen, sinnedakken en sinnegreiden dat duorsume enerzjy opwekt nimt fluch ta. Oant 2029 reitsje dêrtroch 40 fan de 70 stasjons oerbelêst, ferwachtet Liander. Dêrom komme der de kommende tsien jier dus nije stasjons by en wurde oaren útwreide.

Stasjons en transformatoaren

Yn septimber naam Liander in elektrisiteitsferdielstasjon fan Wolvegea yn gebrûk. Dat is nedich om it elektrisiteitsnet yn it súdlike part fan de provinsje klear te meitsjen foar de takomst. Dêr moatte ek de stasjons fan Aldehaske en Easterwâlde by helpe. Yn it noardeasten wurde de stasjons yn Dokkum, Holwert en It Amelân ferswiere.

Yn Drachten, De Lemmer en Burgum komme nije transformatoaren. Yn Boalsert komt in nij stasjon om de groei fan duorsume enerzjy yn it súdwesten fan de provinsje op te fangen. Liander hat ek plannen foar in nij stasjon by Ljouwert.

Roelof Potters fan Liander

(Advertinsje)
(Advertinsje)