Weststellingwerf hopet lid fan plattelânsgearwurking P10 te wurden

De gemeente Weststellingwerf hat in oanfraach yntsjinne om lid te wurden fan gearwurkingsferbân P10, dêr't gemeenten op it plattelân mei-inoar yn gearwurkje. Se tinke in goede oanfolling te wêzen. Yn novimber sil de P10 hjir in beslút oer nimme.
It gemeentehûs fan Weststellingwerf © Omrop Fryslân, Joris Kalma
P10 is in gearwurkingsferbân tusken ferskate gemeenten dy't mei-inoar wurkje oan de útdagingen fan en oplossingen foar it plattelân. Se besykje om de stim fan it plattelân hearre te litten yn de lanlike en Europeeske polityk, en ek wikselje se ynformaasje mei-inoar út. De dielnimmende gemeenten hawwe in soad bûtengebiet, lytse doarpen en gjin grutte stedske kearn.

Mei-inoar leare en oantinken kreëarje

De gemeente Weststellingwerf tinkt dat se in goeie oanfolling wêze soe foar de P10. Se hoopje gear te wurkjen mei de oare plattelânsgemeenten, en op dy wize fan inoar te learen en mei-inoar oantinken te kreëarjen foar harren útdagingen by it Ryk en de Europeeske Kommisje. "Door samen te werken hoeven we niet zelf voor elk probleem een oplossing te bedenken," sa seit boargemaster fan Weststellingwerf André van de Nadort.
It bestjoer fan P10 sil yn novimber beslisse oft Weststellingwerf oanslute mei by it gearwurkingsferbân. By in posityf beslút sil de gemeente op 1 jannewaris 2021 lid wurde.