Roodbaardpaad: 200-jierrige Prinsetún Ljouwert earet ûntwerper fan it park

01 okt 2020 - 10:39

De Prinsetún yn Ljouwert bestiet twahûndert jier as stedspark en dat wurdt fierd. Der is al in eksposysje en der komme ek noch in boek en in universitêre promoasje. As earbetoan oan de ûntwerper hat Lucas Pieters Roodbaard syn eigen paad krige. De buordsjes binne woansdei ophongen.

It Roodbaardpaad liedt kuierders om de ferneamde fivers hinne fan de hellende Prinsetún mei de bolwurken en letter de fontein en de treurwylch dy't as moaiste beam fan Ljouwert beoardiele is. Mei syn styl trochbruts Roodbaard yn de 19e iuw de stive, strakke Frânske tunen mei in wyldere oanpak. De parkarsjitekt wûn mei syn ûntwerp de priis om it stedspark oan te lizzen dat kening Willem I yn 1820 oan de befolking skonken hie.

Lânskipsarsjitekt Els van der Laan en wethâlder Hein de Haan iepenje it Roodbaardpaad - Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Roodbaard syn hjoeddeistige kollega Els van der Laan tinkt dat de ûntwerper fan lânskipsparken mei de nammebuordsjes en al it omtinken, de eare kriget dy't er fertsjinne hat.

"Het is mooi dat zijn naam nu verbonden wordt aan de Prinsentuin", sei se by de ûntbleating fan de buordsjes. "We willen het feestje nog een jaar voort laten duren. Zeker nu we hier in deze tijd niet met veel mensen kunnen staan, hopen we hier volgend jaar met een grote groep te zijn."

Herman Brood yn de Prinsetún - Foto: HCL

De Prinsetún is foar in soad Ljouwerters in plak mei oantinkens. Sa wienen der Sinteklaasyntochten, stedsfeesten, de finish fan in Alvestêdetocht, konserten, bygelyks fan Herman Brood mei in grôtfol park, en it wie in dekôr yn de roman De Koperen Tuin fan Simon Vestdijk. Yn histoarysk sintrum HCL is dat allegearre te sjen op in lytse útstalling.

Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Der komt takom jier noch in boek oer de Prinsetún út en der wurde rûnliedings jûn troch it park, dat noch hieltyd yntinsyf brûkt wurdt as rekreaasjeplak. De gemeente Ljouwert hie fanwegen de coronaregels de tagong ta de Prinsetún jûns ferbean. Mar yntusken is it park wer dei en nacht frij tagonklik, sa liet Ljouwerter wethâlder Hein de Haan witte by de iepening fan it Roodbaardpaad.

De Prinsetún yn Ljouwert - Foto: AS Media

Ferslachjouwer Ronnie Porte praat mei lânskipsarsjitekt Els van der Laan en wethâlder Hein de Haan

(advertinsje)
(advertinsje)