Skriuwer Mindert Wijnstra (74) ferstoarn

01 okt 2020 - 10:24

Yn syn wenplak Warns is skriuwer en ferhaleferteller Mindert Wijnstra ferstoarn. Wijnstra wie al in oantal jierren slim siik. Hy hie prostaatkanker en krige dêr in oerhaal oerhinne. Mindert Wijnstra waard 74 jier âld. Wijnstra wie troud en hie twa dochters. Mei ien fan har, Babs, wurke hy in soad gear. Sy tekene in soad fan de ôfbyldingen yn syn boeken.

Foto: Omrop Fryslân

Mindert Wijnstra waard op 31 desimber 1945 berne yn Lippenhuzen. Hy learde foar ûnderwizer oan de Kweekskoalle yn Drachten en waard úteinlik it haad fan de skoalle yn Warns. Dat wie doe noch in iemansskoalle mei tsien learlingen. Letter kamen der mear learlingen en kollega's by. As skriuwer lei Wijnstra him benammen ta op de publikaasje fan berneboeken. It earste, Kninekeutels yn it oerwâld, ferskynde yn 1982.

Yn 1992 krige Wijnstra foar syn boek It hûs fol ferhalen de Simke Kloostermanpriis, in Fryske literatuerpriis foar berne- en jongereinboeken. Dat boek krige sels ynternasjonale erkenning. Yn 1994 is it op de earelist pleatst fan de IBBY (International Board on Book for Young People). Boppedat is it boek oerset yn it Japansk en Koreaansk. Syn lêste boek Jesse makke Wijnstra yn 2020 noch ôf, doe't er al slim siik wie.

Ferhaleferteller

De ferhaleferteller Mindert Wijnstra hie in foarleafde foar folksferhalen. Hy publisearre meardere bondels mei ferhalen en reizge troch de provinsje om dy ferhalen sels te fertellen. Yn 1997 publisearre hy It Kweade Wiif fan Hylpen en oare folksferhalen. Fan dy ferhalen binne noch hieltyd spoaren werom te finen yn Fryske doarpen en stêden, sa as it Sint Petrusbyld fan Warkum, it poepekrús by Hurdegaryp en de 'moardnersbeam' by Balk.

Yn gearwurking mei kollega-skriuwer Douwe Kootstra publisearre Wijnstra yn 2017 noch in boek mei folksferhalen: De wiete poes en oare ûnfoege folksferhalen. Ek it boekje De Seefrou is in samling folksferhalen. Dat boek ferskynde as Kadoboek yn it ramt fan de boeke-aksje Swalk fan Tresoar. It waard yn 2016 nominearre foar de Rink van der Veldepriis.

Mindert Wijnstra prate yn Buro de Vries (20 septimber 2020) oer de lêste reis fan syn libben.

Kollums

Wijnstra skreau ek kollums foar ûnder oaren Omrop Fryslân. Sa lies hy ien kear yn de trije wiken in kollum foar yn it radioprogramma De Barraazje op freedtejûn en wie er kollumnist yn it programma It wapen fan Fryslân. Fierder wurke hy mei oan de skoalleradio- en skoaltelefyzjeprogramma's en hy wie de skriuwer fan de bernetelefyzjerige Fratsen (2012-2014) fan Omrop Fryslân dêr't ek de stim fan pake foar syn rekken naam. Yn de temawike 100 jier radio yn oktober 2019 makke er noch in kollum oer berneboeken.

Yn desimber 2000 fertelde Wijnstra in spannend ferhaal oer de nacht yn Sadwaande:

(Advertinsje)
(Advertinsje)