Omrop TIP: Hoe wichtich is muzyk foar âlderein?

It is tongersdei wrâld âldereindei én wrâld muzykdei. By Omrop Fryslân kombinearje wy dy dagen. Hoe wichtich is muzyk foar âlderein? In fraach dy't Krijn Jacob Dijkstra nei oan it hert leit, want neist sjonger is hy ek 'ambassadeur muzyk' by soarchgroep Noorderbreedte. Tongersdei giet er foar Omrop Fryslân by in oantal fan harren lokaasjes del om de tema's muzyk en âlderein te ferbinen. It is te hearren yn Muzyk yn Bedriuw en de Middei fan Fryslân.
Krijn Jacob Dijkstra © Omrop Fryslân
Geert van Tuinen giet mei Krijn Jacob as ferslachjouwer mei. Hy praat mei âlderein en belutsenen oer de tema's muzyk en âlder wurde. Fansels wurdt der ek songen, mei in oantal aardige gastartysten.
Soarchgroep Noorderbreedte is tongersdei it bedriuw fan de dei by Muzyk yn Bedriuw. Sy biede soarch oan benammen âlderein op 15 lokaasjes yn Fryslân. Soms foar efkes, soms langer, soms foar altyd.

Alderein en muzykdei

Wrâld âldereindei bestiet sûnt 1990. De dei draait faak om tema's as respekt foar âlderein, lichaamlike brekken by it âlder wurden, soarch en ek iensumens. Mar it giet ek oer hoe't âlderein hieltyd fitaler wurdt. Wrâld muzykdei wurdt al sûnt 1975 fierd op 1 oktober en giet oer it befoarderjen fan muzikale keunsten yn alle lagen fan de mienskip, en de ferbinende faktor fan muzyk tusken kultueren. Muzyk is passy, muzyk ferbynt én muzyk docht wat mei dy. It antwurd op de fraach hoe wichtich muzyk is foar âlderein hearst tongersdei by Omrop Fryslân yn Muzyk yn Bedriuw tusken 9.00 en 12.00 oere en yn de Middei fan Fryslân tusken 13.00 en 16.00 oere.