Kollum: "No Time to Die"

"Der leit noch in komplete James Bond-film klear, troch noch nimmen sjoen. Dy soe yn febrewaris yn premjêre gean, mar dat waard útsteld troch corona. De release stiet no pland foar 12 novimber; se hawwe de hiele simmer wachte, yn 'e hoop dat de filmteäters letter wol wer fol streame kinne. De film hie it astronomyske budzjet fan 250 miljoen dollar, is de lêste mei Daniel Craig as James Bond en hat de titel 'No Time to Die'.
© Omrop Fryslân
De toan fan Botte Jellema
Ik moat hjir sa no en dan oan tinke. Ek al binne it hiel faak echt B-films; ik fyn James Bond-films hearlik om te sjen, al is it mar om de production value; dizze James Bond is ien fan de tweintich djoerste films ea makke. De reden dat ik der sa no en dan oan tink, is om in ljochtpuntsje te hâlden oan de ein fan dizze coronatunnel dêr't wy no al mear as in heal jier yn sitte.
Om earlik te wêzen tink ik net dat 'No Time to Die' yn novimber yn premjêre gean sil. Ik wit noch doe't we yn maart te hearren krigen dat der in soarte fan lockdown kaam, dat in soad plande dingen fan doe útsteld waarden oant april. Mei de kennis fan no moatte we dêr wat om gnize: nayf. Mar as we yn maart witten hiene dat we yn septimber noch altyd mei deselde pandemy sitte, en dat der noch altyd gjin faksin is en dat de sikehuzen noch altyd corona-ôfdielingen hawwe, en gean sa mar troch, hoe wie dat nijs doe dan fallen? We akseptearren de maatregels, holden ús deroan, en tochten dat it gau wer foarby wêze soe. De naïvens hat ús fertuten dien: heal april kearde it tal IC-opnamen.
Wat dat oanbelanget begryp ik de minsken fan Viruswaanzin wol - of hoe hjitte se tsjintwurdich. It duorret even oant de werklikheid by sommigen trochkringt, en ik snap it ferset dêrtsjin wol. Mar it komt der wol. By de measten dan. Noch gjin wike lyn wiene we hielendal yn 'e ban fan influencers dy't net mear meidwaan woene. No al hearre we der neat mear fan. Famke Louise kaam in dei letter al op har wurden werom.
Har aksje en har optreden op telefyzje, tegearre mei noch in oantal fan har soartgenoaten, wie hielendal yn oerienstimming mei har wêzen: fan dei ta dei, alles der út flappend, har folgers dielgenoat meitsjend fan alles wat se trochmakket, ek al is dat dan in sjenant learproses. Sy is 21 en de kâns is grut dat corona har heechút in kuchje opsmite sil. It duorre in pear dagen foardat de wierheid troch alle concealer hinne kringen wie dat sa'n kuchje yn 'e buert fan immen mei wat minder lok yn it libben, of gewoan al in wat langer libben, de dea betsjutte kin. Nayf. Wol wat let, mar hawar, dat wit se no.
Yn it kader fan self care, of hoe'st it ek neame wolst, helle ik ferline wike de film 'Le fabuleux destin d'Amelie Poulain' op Bluray yn 'e hûs. In Frânske film út 2001, makke mei in budzjet fan mar 10 miljoen dollar, en ien fan myn favoriten. De soundtrack is yntusken ferneamder as de film sels; kinst gjin stasjonspiano passearje of hearst de muzyk fan Yann Tierssen. Ik seach him no foar it earst yn in jier of tsien wer. En hoewol't it der tsjok boppe-op leit, rekke it boadskip fan de film my no, yn dizze tiid, mear as ea: it libben is te koart om nearne tsjinoan botse te wollen. En dat brocht mei fisuele firtuositeit en estetyk sa't allinnich Frânske filmmakkers dat kinne. De film 'Eté 85', dy't no dan al yn de bioskoop te sjen is, is wat dat oanbelanget ek in absolute oanrieder.
As je jong binne dan tinke je oar dat botsen net sa nei. Pas as jo josels in pear kear sear dien hawwe, wurde jo wat foarsichtiger. Famke botste, we wiene dêr tsjûge fan. De keunst is om in middenwei te finen tusken tsjin it libben oan te botsen en oaren en josels net tefolle sear te dwaan. We tinke dat we gjin tiid hawwe om dea te gean, in bytsje naïvens heart by it libben. Sa leare we. Net sa gek dus dat we no kaartsjes keapje foar de James Bond-film op 12 novimber. Wy hawwe sokke ljochtpuntsjes nedich yn it libben. Ek al botse wy dan miskien earst noch in kear tsjin de werklikheid oan."