ISU en KNSB binne teloarsteld, mar sette yn op nasjonale reedrydkalinder

01 okt 2020 - 08:21

De wrâldbekerwedstriden reedriden geane dit jier definityf net troch. It ynternasjonale bûn ISU hat ûndersyk dien nei in reedrydbubbel op It Hearrenfean, mar dy komt der foarearst net. Dêrtroch giet der in streek troch de earste fjouwer wrâldbekerwedstriden, dy't yn 2020 noch ferriden wurde soene.

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Douwe de Vries fynt it as foarsitter fan de atletekommisje by de ISU spitich, mar hâldt noch wol betrouwen dat it der komt. "It is net sa dat de bubbel der net komt, mar it komt allinne net yn novimber. Wy hoopje allegearre noch wol dat it komt, mar wy woene 'm eins planne yn de perioade dat gewoanwei de wrâldbekers wêze soene. Dat slagget net. It is no te hoopjen dat de situaasje wat ferbetteret."

De situaasje om de besmettingen hinne is net de iennige reden. "De situaasje is minder wurden en dêrnjonken binne der in tal grutte lannen yn it Easten dy't net komme. Dat hat wol gefolgen foar it riden, dêrom is besletten dat it no net trochgiet."

Alle riders woene wol, mar it hat ek mei mear saken te krijen, seit De Vries. "Bygelyks fersekerders en bûnen. Eltsenien wol it feilich hawwe. De riders binne teloarsteld, dat is begryplik. Foar lytse lannen hat it grutte konsekwinsjes. Wy hawwe noch leuke nasjonale wedstriden, mar der binne ek riders mei suver gjin konkurrinten yn it eigen lân. Wy hawwe in soad moaie nasjonale wedstriden op heech nivo, dat is ek goed foar de sponsoaren om it út te stjoeren. Mar oare lannen hawwe der mear muoite mei. Dan is it dreech om in goeie tarieding foar it kommend seizoen op te setten."

Nasjonale kalinder

Remy de Wit fynt as technysk direkteur fan it nasjonale reedrydbûn KNSB ek spitich. "Uiteraard is het teleurstellend dat er geen wedstrijden zijn. We hebben heel hard gewerkt om het voor elkaar te krijgen. Maar de nuance is dus wel dat men ervoor open staat om te kijken of het voor januari kan. Daarmee is het niet van tafel, maar wel een verandering van kalender."

Dochs wurdt der wol ynset op nasjonale wedstriden. "De schaatscommunity blijkt een sterke, iedereen denkt mee over een goede nationale kalender voor Kerstmis. De plekken van de toernooien zullen we behouden. We proberen het nu in te vullen om te kijken hoe onze toppers het beste kunnen presteren. Er kunnen wedstrijden bij komen en er kunnen wedstrijden verschuiven. De schaatsers willen zich ook goed aan de maatregelen houden, ook in Thialf. Dat is wel een garantie dat het goed kan om wedstrijden te organisatie. Dus ondanks de verslechtering zie ik nog geen problemen."

Dat jildt ek foar it shorttracken. "We waren al bezig met alternatieven, daar komen we ook in de komende tijd mee naar buiten."

Douwe de Vries en Remy de Wit

(Advertinsje)
(Advertinsje)