Frijwilliger hospice: "Door het met elkaar te doen, houd je het twintig jaar vol"

01 okt 2020 - 08:00

"Het is alsof het een warm dekentje is", sa omskriuwt Gerrie Hendriks hospice De Kime yn Snits. Al sawat tweintich jier is se frijwilliger yn it hûs dêr't minsken yn alle rêst stjerre kinne. Yn al dy jierren hat Gerrie in soad meimakke. Moaie mominten, mar ek ellinde, sykte en it fertriet fan oare minsken. It hat har as persoan feroare.

Yn maaie 2001 begûn Gerrie as frijwilliger. Doe't se by de iepening fan it hospice wie, hie se daliks ynteresse. Mar der wie wol wat dat har tsjinhâlde. "Mijn broer was toen net overleden, hij was 29 jaar. Daarom wist ik niet of ik dat wel aankon."

Doe't de minsken fan it hospice by har yn tsjerke kamen om te praten, hat se it beslút makke om frijwilliger te wurden. Se tocht: ik kin altyd ophâlde as it neat is. "Maar ik ben nooit weer weggegaan."

As frijwilliger is Gerrie ferantwurdlik foar ferskate saken. "Ik sta aan het bed. Dus ik help onze gasten met eten als ze dat niet kunnen, help ze naar het toilet en ondersteun de thuiszorg. Daarnaast doe ik ook de boodschappen en kook ik voor de gasten."

Waarmte

Mar it wichtichste foar in frijwilliger is de waarmte dy't se jaan kinne oan harren gasten. "We proberen het voor onze gasten zo fijn mogelijk te maken", fertelt Gerrie. "Ik kan me nog herinneren dat iemand graag hete bliksem wilde eten, maar ik had het nog nooit gemaakt. Ik heb het gewoon geprobeerd te maken. En we hebben hier bijvoorbeeld iemand gehad die Kerst nog wilde meemaken. Toen hebben we met de familie geregeld dat die persoon een kerstboom in zijn kamer kreeg, midden in de zomer. Dat soort dingen vergeet je niet."

Foto: Omrop Fryslân

Soms is niks zeggen het allerbeste, niet iedereen kan over de dood praten.

Gerrie Hendriks, frijwilliger

Ek de petearen mei minsken kinne harren in soad bringe yn dy lêste dagen. En dy gean net altyd oer de dea. "Je weet soms niet wat je moet zeggen als iemand gaat sterven. Heel veel mensen denken dat wij geestelijke gesprekken hebben, maar dat is niet zo. Soms is niks zeggen het allerbeste, niet iedereen kan over de dood praten."

Hoe hâlde je dit tweintich jier lang fol?

"Door het met elkaar te doen, houd je het twintig jaar vol. Je doet het niet alleen, je doet het met elkaar", fertelt Gerrie. "Sommigen denken dat we hier allemaal met een lang gezicht lopen, nou echt niet! We hebben heel veel lol met elkaar. En ook met de gasten die er liggen, hebben we ook lol. Dat is heel dankbaar."

"Tranen kun je niet tegenhouden"

Yn dy tweintich jier ha der neist waarme mominten ek genôch drege mominten west dy't Gerrie oangrepen ha. "Tranen kun je dan niet tegenhouden. Dan lopen wij de kamer weleens uit en laten wij ook een traan. Dat gebeurt."

By Gerrie bart dat as der bygelyks jonge minsken lizze of as âld-frijwilligers fan it hospice kieze om dêr te stjerren. "Dat is moelijk", seit Gerrie. "Dat komt heel dichtbij. Ik vind het dan ook moeilijk om die stap te zetten in die kamer. Hoe is diegene? Hoe ligt hij erbij?"

Ze vroeg aan ons of we voor haar wilden zingen. Dat hebben we gedaan met een paar. Daar word je wel rijker van, absoluut.

Gerrie Hendriks, frijwilliger

It barde trije wike ferlyn noch dat in âld-frijwilliger by harren lei, fertelt Gerrie. "De familie zei dat ze hun moeder altijd hoorden over het hospice, hoe fijn dat was." Gerrie tinkt op dat soarte fan mominten wol nei oer wat se oankin. "Als het te intiem wordt met iemand die ik ken, dan laat ik de vrijwilliger het altijd doen."

Dochs is Gerrie wol bliid wat se op sa'n momint foar in oar betsjutte kin. Ek al is it somtiden dreech foar harsels: "Ze vroeg aan ons of we voor haar wilden zingen. Dat hebben we gedaan met een paar. Daar word je wel rijker van, absoluut."

Foto: Omrop Fryslân

Omrop Fryslân makket in minysearje oer it hospice De Kime yn Snits. Woansdei wie de earste ôflevering. Dêryn fertelt koördinator Berber Roelofsen dat de behoefte oan in hospice hieltyd tanimt, noch mear as yn it ferline, mar dat útwreiding foar harren gjin opsje is.

Freed it ferhaal fan David Dijkstra. Hy hat prostaatkanker en leit no sûnt in pear wike yn hospice De Kime yn Snits. Foar him en foar syn famylje is it de bêste oplossing om syn lêste dagen rêstich en yn in waarm hûs troch te bringen.

Trefwurden: 
Snits hospice De Kime
(Advertinsje)
(Advertinsje)