Gevelstiennen toane skiednis fan De Jouwer: nije 18e-iuwske stien ûntdutsen

Nei Frjentsjer krijt ek De Jouwer in boek oer gevelstiennen: Gevelstenen in de vlecke Joure, skreaun troch âld-ûnderwizer Piet Postma. Bysûnder is dat mei de presintaasje fan it boek ek in 18e-iuwske gevelstien mei it wapen fan de bekende famylje Vegelin van Claerbergen oanbean wurdt. Dy stien waard ûntdutsen by it Historisch Centrum Franeker, dêr't Postma bestjoerslid en meiwurker is.
De yn Frjentsjer ûntdutsen gevelstien mei it famyljewapen Vegelin van Claerbergen © Piet Postma
Fan de stien dy't begjin dit jier yn Frjentsjer opdûkte, is fierder neat bekend. De stien stie al goed 20 jier yn in garaazje en kaam dêrfoar by de Stichting tot Behoud van het Franeker Stadsschoon wei. Mar it wapen op de stien is dy fan de aadlike famylje Vegelin van Claerbergen, dy't lang op Heremastate op De Jouwer wenne. It wie in geslacht fan grytmannen en boargemasters. Saakkundigen wiene optein oer de fynst fan de stien. Der is noch oerlis oer in goed plak foar de gevelstien, Postma hopet dat dêr gau mear dúdlikens oer komt.

Presintaasje yn Museum Joure

Op 1 novimber wurdt it earste eksimplaar fan it boek oanbean oan it bestjoer fan Histoarysk Wurkferbân Skarsterlân yn Museum Joure. Postma is in âld-Jouster en skreau earder dit jier ek al in boek oer de gevelstiennen yn syn hjoeddeiske wenplak Frjentsjer.

Sa'n 140 stiennen

Foar it boek hat Postma sa'n 140 stiennen byinoar sammele. Dat binne somtiden âlde gevelstiennen, mar der sitte ek in soad modernere 'earste stiennen' tusken. Kuierjend troch it sintrum kinne je de iene nei de oare leuke ûntdekking dwaan, sa seit Postma. Dy fynsten fertelle in soad oer de skiednis fan De Jouwer.
In gevelstien mei it wapen fan De Jouwer yn Het Tolhuis © Omrop Fryslân, Sian Wierda
De measte Jousters sille dizze gevelstien wol kenne: it wapen fan De Jouwer op ytkafee Het Tolhuis oan de Appelwyk. Op it wapen in vleckekroan, mei in gouden nôtskeaf en seis ikels. Nei't yn 1614 de njonkenlizzende Kolk groeven wie, moasten der ek in falbrêge, tolhûs en in loazjemint komme foar de skippers dy't op De Jouwer fearen. Dêrmei is Het Tolhuis ek it âldste kafee fan it plak. Dizze gevelstien komt op de cover fan it boek fan Postma. Minsken kinne foar mear ynformaasje oer it boek terjochte by ppostma53@gmail.com.