Liveblog | 1 oktober 2020

Coronanijs fan 1 oktober: Situaasje yn Fryslân soarchlik; 91 nije coronabesmettingen

Yn dit liveblog hâlde wy jo op 'e hichte fan it lêste coronanijs yn Fryslân en de rest fan it lân.
Lêst bywurke: 2 oktober 2020, 10:23
tongersdei 1 oktober 2020
23:00

Ein fan dit liveblog

Oant safier dit coronaliveblog fan tongersdei 1 oktober. Freed is der op ús webside en yn ús app in nij liveblog mei it lêste Fryske nijs oer it coronafirus.
22:16

SV Marum – VV Kollum live op YouTube

De fuotbalwedstriid fan VV Kollum tsjin SV Marum wurdt sneon live útstjoerd fia it YouTube-kanaal fan de Grinzer klup. Troch de oanskerpte coronamaatregels mei der gjin publyk by it duel wêze. SV Marum hat no de oplossing betocht om it online út te stjoeren. De link foar de wedstriid is te finen op de webside en de Facebookpagina fan de Grinzer fuotbalklup.
21:21

Zoutsloter Kerstmarkt opnij ôfsein

De Zoutsloter Kerstmarkt yn Harns giet dizze winter foar it tredde jier op rige net troch. Tradisjoneel wurdt de krystmerk op de twadde sneon fan desimber hâlden, mar fanwege de coronamaatregels hat de organisaasje de edysje fan 2020 annulearre. De ôfrûne twa jierren gie it evenemint net troch fanwege stoarmfoarsizzingen.
Der komme alle jierren sa'n 15.000 besikers nei de krystmerk om de Zoutsloot yn Harns hinne. "De veiligheid van de bezoekers, standhouders en de inwoners van Harlingen staat bij ons voorop. Zolang het coronavirus op de loer ligt en de richtlijnen niet kunnen worden versoepeld, kunnen wij deze veiligheid helaas niet garanderen. Het besluit hebben we in nauw overleg met de gemeente Harlingen genomen", lit de organisaasje BENG Evenementen witte. De folgjende edysje stiet foar sneon 11 desimber 2021 op de kalinder.
20:13

Besmettingen yn azc Drachten

Yn it asylsikersintrum yn Drachten binne ien of meardere persoanen besmet rekke mei it coronafirus. Dat hat it COA bekend makke. It COA wurket gear mei de GGD om fersprieding fan it firus foar te kommen. De bewenners witte fan de situaasje en binne oproppen om rêstich te bliuwen en harren oan de rjochtlinen fan it RIVM te hâlden.
18:15

Jubileum Damclub Aldegea giet net troch

Damclub Aldegea soe freed syn 50-jierrich jubileum fiere, mar dat giet fanwege corona net troch. De klup hat noch acht leden en de gemiddelde leeftiid is ûngefear 60 jier. Neffens Linze Houwink fan de klup is it in ôfrinnende saak en sit in nij jubileum der net mear yn. De leden sille prate hoe't it no fierder moat, want de wille is der ek wol in bytsje fan ôf mei alle coronamaatregels.
De tafels moatte fierder faninoar stean en der moat útwykt wurde nei grutter lokaasjes mei goede fentilaasje. Ek meie der op it stuit gjin taskôgers by wêze en kin de 'tredde helte' net mear trochgean om't de lokaasjes om tsien oere jûns slute moatte. "Dat is wol skande fansels. En der wurdt ek hieltyd mear fia ynternet dien. Dus, ja...", fersuchtet Houwink.
Linze Houwink fan Damclub Aldegea
17:35

Ja of nee tsjin mûlkapke?

It is in driuwend advys fan premier Rutte: it ophawwen fan mûlkapkes op drokke plakken en yn iepenbiere romtes. Ek op middelbere skoallen soe dat moatte, is tongersdei bekend wurden. Om't it gjin ferplichting is mar in advys, is it de fraach hoefolle minsken mei mûlkapkes op derop út gean.
FIDEO: Mûlkapkes