Wethâlder Friso Douwstra: "Ljouwert moat folweardich einstasjon fan Lelylijn wurde"

01 okt 2020 - 06:00

Njonken Grins moat ek Ljouwert in folweardich einstasjon wurde fan de Lelylijn. De gemeente Ljouwert wol dat de Fryske haadstêd in flugge, oerstapsfrije treinferbining krijt mei Amsterdam oer it Lelyspoar. Wethâlder Friso Douwstra dielde dy ambysje woansdeitejûn mei de Ljouwerter gemeenteried.

Ynformative gearkomste oer de Lelylijn yn it Ljouwerter stedhûs - Foto: Omrop Fryslân

Riedslid Otto van der Galiën fan LIJST058 is benaud dat sûnder aksjes út de Fryske haadstêd wei Ljouwert yn de takomst letterlik oan in sydspoar komt te lizzen en frege wethâlder Douwstra om opheldering. Neffens Douwstra kin der gjin sprake wêze fan in sydspoar.

Sterker noch, in spesjaal oan te lizzen spoarbocht by It Hearrenfean moat der foar soargje dat Ljouwerters yn de takomst fluch trochreizgje kinne nei it Westen sûnder stil te stean op It Hearrenfean. De gemeente Hearrenfean hat Ljouwert sels al tasein planologysk meiwurkje te wollen oan de oanlis fan in spesjale spoarbocht, om de trein út Ljouwert sûnder ferplichte oerstap tagong te jaan ta de Lelylijn.

Foto: Omrop Fryslân

Ljouwert is al drok oan it lobbyen om de Fryske haadstêd yn alle Lelystêd-plannen te krijen. Dat is nedich ek, want yn de measte Lelystêd-rapporten oant no ta komt Ljouwert amper foar. As it oan wethâlder Douwstra leit feroaret dat gau. "De Lelylijn krijt twa einstasjons: Grins én Ljouwert." Hy wiist derop dat in Lelylijn-einstasjon yn Ljouwert yn it belang fan it hiele noarden fan Fryslân is. "It is ek yn it belang fan Harns, Waadhoeke en Tytsjerksteradiel."

Troch Ljouwert in folweardige ôftakking te jaan, kin hiel Fryslân fan de Lelylijn profitearje en net allinnich it súdeasten mei nije treinstasjons yn Drachten en op It Hearrenfean. Douwstra hat de Ljouwerter ambysjes al bepraat mei it provinsjaal bestjoer en ek mei de gemeenten Smellingerlân en Hearrenfean. Dy stypje neffens him de Ljouwerter ambysjes fan herte.

Wethâlder Friso Douwstra fan Ljouwert oer de Lelylijn

(advertinsje)
(advertinsje)