Snitser mûlkapkefabrikant Lampe klear foar twadde coronaweach

Snitser tekstylbedriuw en mûlkapkefabrikant Lampe is klear foar in twadde coronaweach. Neffens eigener Quintus Lampe is in wichtige en nagelnije mûlkapkemasine klear en kin der oer twa wiken flink opskaald wurde nei in fabrikaazje fan sa'n miljoen mûlkapkes yn de moanne.
© Omrop Fryslân, Willem de Vries
It bedriuw makke earst allinne filters en oare tekstylprodukten, mar hat yn dizze coronakrisis de gearwurking opsocht mei twa oare bedriuwen. Yntusken is Lampe in wichtige leveransier wurden fan benammen de sertifisearre medyske mûlkapkes. "Onze focus is puur de zorg, nog steeds verpleeghuizen, ziekenhuizen, de eerste lijnzorg, om die producten te leveren. Dat zijn de gecertificeerde medische maskers. Uiteraard kijken we ook naar de niet-medische. Ja, mijn handen jeuken, ik heb de materialen. Maar goed, je kunt niet alles."

Geheime lokaasje

Woansdei joech it kabinet it driuwend advys om in mûlkapke te dragen yn de iepenbiere romte. Hjirtroch kin de fraach yn Nederlân wolris bot tanimme. Neffens Lampe hat de oerheid yntusken op in geheim plak yn Nederlan in foarried oanlein fan inkelde hûnderten miljoenen mûlkapkes, mar bliuwe ek de leveringen fan it Snitser bedriuw hurd nedich. De fraach nei materiaal is grut, seit Lampe, mar sy kinne noch altiten genôch krije. Ek al wurdt it der net makliker op.
In protte minsken hawwe twivels oer it nut fan de kapkes, mar Lampe ferwiist nei in ûndersyk fan de Erasmus Universiteit yn Rotterdam. Dy hat in rapport skreaun dêr't út bliken docht, dat as mar 40 oant 50 prosint fan de minsken in mûlkapke draacht it tal besmettingen ûnder de saneamde reproduksjefaktor fan 1 komt.
Ferslachjouwer Willem de Vries yn petear mei Quintus Lampe