Provinsje: Measte Fryske gemeenten ha struktureel jild tekoart, situaasje is ûnhâldber

30 sep 2020 - 19:09

Mear as de helte fan de Fryske gemeenten hat in struktureel jildtekoart. Dat blykt út in analyze fan de meast resinte jierrekkens fan de gemeenten. By fjouwer fan de achttjin Fryske gemeenten kaam der foarich jier minder jild binnen as dat der útgong wie. Seis oare gemeenten koene in tekoart oanfolje mei ynsidintele ynstruiers: jild dat mar ien kear frijkomt, bygelyks troch grûn te ferkeapjen.

Wjerljocht boppe de Lege Geaën by Gau - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

It jildtekoart is ûntstien neidat gemeenten ferantwurdlik waarden foar soarch en jeugdhelp. Earder lei dy ferantwurdlikheid by it Ryk. Gemeenten sizze dat it jild dat se út Den Haag krije, net genôch is om de kosten te dekken. De kosten dy't it coronafirus mei him meibringt, binne noch net yn de analyze ferwurke. De lêste sifers binne fan 2019.

"Situaasje is ûnhâldber"

It provinsjebestjoer neamt de situaasje 'ûnhâldber'. Neffens deputearre Sander de Rouwe is it 'needsaaklik' dat it Ryk mei in strukturele oplossing komt. Dat skriuwt er yn in brief oan Provinsjale Steaten. It provinsjebestjoer seit dat in strukturele oplossing net it ynsidinteel ferromjen fan it tafersjoch is, mar it skruktureel ferromjen fan de finansjele middels. Mear jild dus.

Mei Prinsjesdag hat it kabinet al miljoenen frijmakke foar de Nederlânske gemeenten. Dat giet dus om jild dat der mar ien kear komt, en net alle jierren. Neffens Brok soarget dat foar in tydlike ferromming by de gemeenten, mar net foar in strukturele oplossing.

Deputearre Sander de Rouwe

(advertinsje)
(advertinsje)