Nije ûntjouwing yn saak wenningoerfal Drachten: fertochte (19) bekent

In ynwenner fan Drachten fan 19 jier dy't fertocht wurdt fan belutsenheid by de oerfal op in 93-jierrige frou yn Drachten, hat in bekentenis ôflein. Dat betsjut in nije ûntwikkeling yn dizze saak, want earder woe de man gjin ferklearring ôflizze oer de oerfal.
Rechtbank Noord-Nederland (RNN) yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Sian Wierda
De 93-jierrige frou waard op 21 oktober ferline jier jûns om kertier oer tsienen yn har wenning oerfallen troch twa jonges. Sy drukten de frou tsjin de trep en naaiden út mei in kistke mei gouden munten. Ien fan de oerfallers liet syn DNA efter op de kaai fan de meterkast. Sa koe hy opspoard wurde.
De rjochtbank fynt no dat de Drachtster opnij heard wurde moat troch de plysje. Ek it slachtoffer moat noch in kear heard wurde. Sy hat yn de tuskentiid har heup brutsen en moat earst better wêze.
Njonken de Drachtster binne der noch trije oare fertochten, dy't neffens de plysje op ien of oare wize by de saak belutsen west hawwe. Sy moatte letter foar de rjochter ferskine.