'Post-coronapoli' yn Ljouwerter sikehûs MCL helpt eks-coronapasjinten

It tal sikehûsopnames fan minsken mei corona nimt wer ta, krekt lykas it oantal ic-bêden dat beset is mei coronapasjinten. Nederlân sit yn de twadde weach. Yntusken wurdt yn sikehûs MCL hurd wurke oan it herstel fan slachtoffers fan de earste weach, dizze maaitiid. Op de spesjale 'post-coronapoli' wurde minsken holpen dy't noch hieltyd lêst ha fan de gefolgen fan de sykte.
Post-coronapoli
Yn in galmjende seal helpt fysioterapeut Erwin Koster ien fan de pasjinten, Stefan. Dy hinget oan in elastyk. Stefan is in fitte man fan ein tritich, begjin fjirtich. Ferline jier om dizze tiid hinne soe hy sûnder problemen gewichten fuort drukke. No is hy nei in oantal oefeningen al achter de pûst. Stefan is foar it earst op de poly. Hy is ien fan de hast fyftich pasjinten dy't dêr holpen binne of wurde.
Ik krige hertkloppingen en wer pineholle. It woe net mear.
Aly Ybema
Aly Ybema krige begjin maart corona. Dat wie oan it begjin fan de earste weach. No by it begjin fan de twadde, is se krekt klear mei har behannelingstrajekt yn it sikehûs. "Ik wie net iens sa slim siik. Pineholle, twa benaude nachten en kochelje. Dat wie it sa'n bytsje. Je witte fierder fan neat en dan ûndergean je it en wolle je wer better wurde."

Wurch

Mar sa maklik wie dat net. Aly Ybema: "Ik waard hiel wurch. Benammen yn de fuotten. Ik krige hertkloppingen en wer pineholle. It woe net mear." Fia de húsdokter kaam se op de post-coronapoli fan sikehûs MCL. Dêr trof se ûnder oare longdokter Jolanda Kuijvenhoven. "Hier hebben we een groep mensen die corona thuis heeft doorgemaakt. Die ziek zijn geworden, maar daarna veel klachten hebben overgehouden."
Se traine yn it sikehûs om der wer boppe-op te kommen. De earste groep fan seis is krekt útbehannele. Kuijvenhoven: "Het gaat eigenlijk best goed met die mensen. Ze zijn voor 95 procent weer de oude. Ze zijn weer aan het werk en pakken hun sociale leven weer op. Maar de longfunctie is niet zoals die was."
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Tefolle ballen yn de loft hâlde

Wat Kuijvenhoven opfalt is, dat in soad minsken dy't op de poly komme har net heard fiele. It binne net de minsken mei de ferhalen fan de intensive care of in lange behanneling yn it sikehûs. Dêrom is ek in medysk maatskiplik wurker belutsen by de behannelingen, Nynke Stellema. "Ik fernim yn de petearen dat de minsken dy't hjir komme in protte ballen yn de loft hâlde moatte. In gesin dêr't se foar soargje moatte, wurkje, mar it lichem docht net wat de geast wol."
It betsjut dat minsken saken falle litte moatte, seit Stellema: "Ja, om mear yn balâns te kommen moatte se dat. Dus net wurkje as it net kin. Yn de petearen mei my komme se ek ta dat ynsjoch. Se akseptearje dan ek dat it lang duorje kin."
We leren ze hier waar die grens ligt.
Fysioterapeut Erwin Koster

Grinzen yn de gaten hâlde

Dêr is fysioterapeut Erwin Koster mei dwaande: grinsbewaking. "Mensen gaan vaak over die grens heen. Ze lopen daardoor steeds vast bij de opbouw van hun conditie en hun fysieke vermogen. We leren ze hier waar die grens ligt."
Yn it sikehûs binne se net ûnbekend mei longpasjinten, mar dizze groep is dochs oars as minsken mei bygelyks astma, sa seit Koster: "Met name emotioneel. Ze lopen vast op andere plekken. Minder denkvermogen, slechtere concentratie maar ook het begrip van mensen voor hun situatie." Wer't Koster it measte fan skrokken is dat de pasjinten al sa lang dwaande binne mei better wurden. "Ze hebben het vaak al heel lang geprobeerd voor ze hier dan bij de longarts komen. Wij hopen dat we een eerste stap kunnen zetten naar een eerste herstel. We leren elke dag weer."
As ik in oere wurkje, moat ik der rekken mei hâlde dat ik dêrnei oardeloere sliep.
Aly Ybema
Aly Ybema hat har behanneltrajekt der no opsitten. Better is se noch net: "Nee, noch lang net. As ik in oere wurkje, moat ik der rekken mei hâlde dat ik dêrnei oardeloere sliep. Ik sit no op 40/45 persint. Mar ik gean derfan út dat ik wer 100 persint wurdt."
Foar Ybema is it dúdlik: Je moatte it firus al serieus nimme: "Je witte net hoe't it útpakt. Guon komme op de ic, oaren sitte yn in hiel lang trajekt. Dêrom is it belangryk dy oardelmeter ôfstân te hâlden."