KNSB wol ekstra nasjonale wedstriden organisearje no't reedrydbubbel der net komt

Dit jier wurde der gjin wrâldbekerwedstriden riden yn Thialf op It Hearrenfean. It ynternasjonale bûn ISU hat de lêste tiid ûndersocht oft der in saneamde reedrydbubbel komme koe op It Hearrenfean, mar woansdei is besluten dat it net troch giet. It nasjonale reedrydbûn KNSB sil de kommende tiid sjen oft der yn novimber en desimber ekstra reedrydwedstriden organisearre wurde kinne yn it plak fan de wrâldbekers.
© Omrop Fryslân
De reden dat de reedrydbubbel der dit jier net mear komt, is dat it coronafirus oplôget. Dêrtroch is der te folle ûnwissens en hat de ISU besluten it plan net troch te setten. Boppedat wiene der ek twivels by oare wichtige reedrydlannen, sa lit it bûn witte. Guon lannen woene net meidwaan, as de wrâldbekers wol organisearre wurde soene yn in bubbel op It Hearrenfean. Dêrop hat de ISU besluten om yn te setten op in reedrydbubbel oan it begjin fan takom jier.

Alternatyf foar wrâldbekers

De reedrydaginda foar 2020 is no foar in grut part leech. De fjouwer wrâldbekers geane definityf net troch, wêrtroch allinne it wrâldbekerkwalifikaasjetoernoai oer in moanne en it NK ôfstannen ein desimber noch oer is. It nasjonale reedrydbûn KNSB sil de kommende tiid sjen nei in alternatyf foar de wrâldbekerwedstriden, mar dan op nasjonaal nivo. It bûn wol besykje om yn novimber en desimber in oantal topwedstriden te organisearjen.
Wurdfierder Carl Mureau fan de KNSB lit witte dat it wrâldbekerkwalifikaasjetoernoai oer in moanne yn alle gefallen trochgiet, nettsjinsteande dat der gjin wrâldbekertickets te fertsjinjen binne.

Shorttrack

Dêrnjonken hat de ISU woansdei bekend makke dat ek de wrâldbekers shorttrack yn desimber net trochgeane. Der wiene noch twa pland yn Seoel en Peking, mar dy binne ôfsein. Earder al wiene de earste twa wrâldbekers yn Kanada fan de kalinder skrast. It betsjut dat de shorttrackers dit jier ek gjin ynternasjonale wedstriden hawwe sille.