Wêr komt de Fryske flagge wei?

30 sep 2020 - 16:29

De Fryske flagge is foar in soad Friezen in wichtich symboal. Omrop Fryslân ropt Friezen om utens op om foto's mei in Fryske flagge op de online kaart te setten. Mei as doel: in eigen emoji fan de Fryske flagge foar op sosjale media te krijen.

Wat is no eins de skiednis fan de Fryske flagge? Histoarikus en meiwurker fan de Fryske Akademy Oebele Vries fertelt deroer yn it radioprogramma De Middei fan Fryslân:

"De paradoks is dat it weromgiet op hiele âlde foarbylden, mar de flagge offisjeel noch betreklik jong is," sa seit Vries. De offisjele Fryske flagge is nammentlik troch de provinsje pas fêststeld yn 1957, mar de skeane banen en reade pompeblêden wurde al folle langer brûkt. Vries fertelt dat se sûnt de twadde helte fan de njoggentjinde iuw as flagge brûkt wurde, mar fier dêrfoar al op findels en wapens te sjen wienen.

It romantisearre ferhaal fan de oarsprong fan de pompeblêden is dy fan kening Friso, dy't yn de tredde iuw út Yndia wei nei Fryslân kaam om him dêr te festigjen. "Hy seach de sleat fol lizzen mei de reade pompeblêden, dy't him oan de Yndyske lotus tinken die, en sa soe dat ús nasjonale symboal wurden wêze", fertelt Vries. It is lykwols wierskynliker dat de sân banen en ek de sân pompeblêden ferwize nei de sân Fryske seelannen fan de midsiuwen. Dêrby is it ek in bysûnder en hillich getal, om't sân it getal fan de folheid is.

As dat it gefal is, dan soe de flagge net hielendal mear klopje. "Us Fryslân, ús provinsje fan no, befettet mar twa fan dy sân seelannen. Eins pretindearje we hiel dat we it gebiet fan de Fryske seelannen fertsjintwurdigje. Dat is in gebiet fan Alkmaar oant Cuxhaven yn Dútslân!" fertelt Vries. Je soene dus sizze kinne, de hjoeddeiske Fryske flagge is krekt wat te 'entûsjast'.

Foto: Omrop Fryslân

Meidwaan oan Operaasje Fryske Flagge? Stjoer dyn foto yn fia de Operaasje Fryske Flagge-side. Dêr binne ek ferhalen fan Friezen om utens dy't al meidien ha te finen. Alle wiken belje we yn ús radioprogramma De middei fan Fryslân mei in Fries bûten Fryslân.

Al 150 ynstjoeringen binne op de kaart pleatst.

(advertinsje)
(advertinsje)