Oerol Upcoming op Skylge giet net troch

30 sep 2020 - 16:23

It festivalwykein Oerol Upcoming, dat fan 23 oant en mei 25 oktober op Skylge hâlden wurde soe, giet dochs net troch. Neffens de organisaasje is it te ûndúdlik hoe't de coronamaatregels dan binne.

Foto: Omrop Fryslân

It programma soe in beheinde ferfanging fan it festival Oerol wêze dat fan 't maitiid ek al net trochgean koe. It programma soe bestean út twa rûtes op Skylge, mei optredens fan rappers, muzikanten en skriuwers. De organisaasje fynt it net ferantwurde om no gasten en keunstners nei it eilân kome te litten.

It digitale programma giet wol troch.

(Advertinsje)
(Advertinsje)