Wetterskip Fryslân docht mei oan proeffabryk foar bioplestik

Mei noch fjouwer oare wetterskippen sil Wetterskip Fryslân yn Dordrecht in proeffabryk bouwe dat bioplestik meitsje kin út rioelslib. Fjouwer jier lyn is der al in pilotprojekt dien. Dêrby wurde baktearjes brûkt en dy sette de fetsoeren yn it rioelslib om yn in natuerlike foarm fan polyester.
© Wetterskip Fryslân
Fan dat polyester kinne bygelyks biologysk ôfbrekbere potsjes makke wurde. Dêrmei binne al testen dien yn de agraryske sektor. De plestik potten om planten yn te setten, binne dan net langer nedich.
It wetterskip sjocht in goede takomst fan dizze nije technology, mar it is noch te betiid om it oan de merk oer te litten. De keunsstofyndustry wol earst foldwaande materiaal hawwe om de ferwurking en de tapassing fan it nije bioplestik út rioelslib te testen. Dat testmateriaal sil no yn it nije fabryk yn Dordrecht makke wurde.