Plannen sinnepark Feanwâlden sneuvelje op te licht stroomnet

30 sep 2020 - 14:53

Foarearst komt der noch gjin sinnepark oan de Kûkhernewei yn Feanwâlden. It plan fan de Energie Coöperatie Feanwâlden is net rendabel. It doel wie dat der in sinnepark komme soe mei in kapasiteit fan 2 megawatt, op in stik greide njonken de spoarline.

Foto: Omrop Fryslân

De winst út de opbringsten fan de sinnepanielen soe te'n goede komme oan it doarp. De gemeente is eigener fan de grûn en woe graach meiwurkje, mar netwurkbedriuw Liander seit dat sa'n grut sinnepark op dit stuit net oansletten wurde kin.

De kapasiteit fan it stroomnet is dêrfoar ûnfoldwaande. Der binne noch nije berekkeningen makke mei in lytser sinnepark, mar dan binne de kosten yn ferhâlding te heech. Sa gau't de kapasiteit fan it stroomnet ferhege wurdt, kin it plan wer oppakt wurde, mar wannear't dat eventueel is, is ûnbekend.

Wethâlder Gerben Wiersma fynt it spitich: "Frijwilligers út Feanwâlden hawwe in soad enerzjy en tiid stutsen yn dit projekt. Tige spitich dat it no om 'e nocht liket te wêzen, om't it netwurk it net mear oan kin. Sa sil de duorsumensopjefte, dêr't wy foar steane, fansels nea slagje."

Trefwurden: 
sinnepark Feanwâlden
(Advertinsje)
(Advertinsje)