Nije coronamaatregels meitsje start iishockeykompetysje BeNe League dreech

It beslút oer it trochgean fan de BeNe League is mei trije wiken útsteld. De iishockeykompetysje mei teams út België en Nederlân soe yn prinsipe op 1 desimber úteinsette. De iishockeyklups wolle fanwegen de nije coronamaatregels fan de oerheid mear betinktiid.
Jasper Nordemann fan de UNIS Flyers © Margo Mulder
BeNe Leaguefoarsitter Danny Micola bliuwt yn petear mei de klups, en hopet dat se yn desimber dochs spylje kinne. "We binne no earst dwaande om de finânsjes op oarder te krijen, want troch de oardelmetermaatregels binne der minder ynkomsten."
Neist it feit dat der gjin supporters by de wedstriden wêze meie, spylje ek de reisbeheiningen nei België in rol. "We sjogge wat wol en net kin, der binne ferskillende senario's. We kinne ek earst inkeld in kompetysje yn Nederlânsk ferbân dwaan. We binne hieltyd oan it sjen hoe't we toch spylje kinne en passe dêr ek de organisaasje op oan."
De start wie al fertrage nei 1 desimber om mear tiid te hawwen. "Mar we kinne net útstellen bliuwe. De iishockeyklups krije gjin stipe fan de oerheid, gelokkich krije we jeften of bedriuwen, mar dat is net struktureel."
Mei de no jildende maatregels kin de BeNe League net fan start gean. "Yn de begrutting is altyd de kaartferkeap meinommen, mar as der gjin publyk by mei, dan wurdt it wol hiel yngewikkeld."
Danny Micola fan de BeNeLeague