Fryske teäters meie op folsleine kapasiteit iepen: "Wichtich om kultuer yn libben te hâlden"

Fryske teäters hoege har net te halden oan it maksimum oantal fan 30 besikers. Dat seit boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert, yn syn rol as foarsitter fan Feilichheidsregio Fryslân. As de oardel meter yn de teäterseal oanhâlden wurde kin, dan sit der neffens Buma gjin grins oan it oantal minsken dat talitten wurde mei.
Reaksje Buma Fryske teäters en corona
Woansdeitemiddei is der wer oerlis tusken de Fryske boargemasters, foarsitten troch Buma. De boargemasters binne no oan it ynventarisearjen hokker kultuerynstellings in frijstelling krije kinne en hoe't se it oanpakke sille. "As it feilich kin, is it wichtich om de kultuer yn libben te hâlden. Dan is der gjin limyt, mar dan jildt de oardel meter", seit Buma.
It soe dêrby bygelyks gean om De Harmonie yn Ljouwert en De Lawei yn Drachten. "Dêr sille we sa gau as mooglik antwurd op jaan." Buma hat dêroer ek oerlis mei de Feilichheidsregio-foarsitters fan Grinslân en Drinte. "Wy binne alle trije fan miening dat as it mooglik is en it feilich is, we dizze útsûndering jaan moatte."
© Omrop Fryslân, Darshan Boerema

Gjin ekstra maatregels

Op de parsekonferinsje ôfrûne moandei waard dúdlik dat minsken op guon plakken yn it lân mûlkapkes drage moatte. Yn de grutte stêden meie winkellju sels bepale oft se in mûlkakpe ferplicht stelle foar harren klanten en se moatte dêr ek sels op hanthavenje. Neffens Buma wurde der op it oerlis gjin oanfoljende maatregels ôfkundige foar Fryslân. "Wy hawwe gjin reden om oare maatregels te nimmen as de nasjonale. It RIVM, dus saakkundigen, seit dat mûlkapkes net helpe. Salang't sy dat sizze, sis ik harren dat nei. Wurdt dat oars, dan folgje we dat yn Fryslân op."
Dochs meie winkellju yn Fryslân harren klanten ek freegje om in mûlkapke te dragen. "In winkel kin oanjaan dat je allinnich binnen komme mei in mûlkapke op. Dat meie se sizze, mar it is net ferplicht."
Sybrand Buma, boargemaster en Feilichheidsregio Fryslân-foarsitter