Wol of gjin mûlkapkes? Op ROC Friese Poort drage se it al sûnt dit skoaljier

It is it praat fan dei: helpe mûlkapkes wol of net? En ek: moatte se ferplichte wurde of net? Meiwurkers en studinten fan ROC Friese Poort drage al sûnt it begjin fan it skoaljier mûlkapkes. Dat is dien op driuwend advys fan de lieding.
Wol of gjin mûlkapkes
It is in advys en net in ferplichting, mar de measte dosinten en studinten op de lokaasje oan de Wilaarderburen yn Ljouwert hâlde har der oan. De ferantwurdlikheid leit by dosinten en studinten sels.
"Se beseffe goed dat it nedich is", seit Jaap van Bruggen, manager fasiliteiten. "We wolle de skoalle graach iepen hâlde, dus sizze we: set it mûlkapke op yn iepenbier romten yn skoalle. Op smelle plakken lykas yn de gong is it lestich om de oardelmeter oan te hâlden, dus dan is it mûlkapke handich."
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Neist de bekende regels fan de RIVM docht de skoalle twa ekstra maatregels, it mûlkapke dus en it aktyf mjitten fan de luchtkwaliteit yn de leslokalen.
Hat it mûlkapke de besmetting bûten de doar hâlde kinnen? ROC Friese Poort hat yn hiel Fryslân 15.000 studinten. "We ha inkelde besmettingen hân, mar dy binne net werom te lieden nei skoalle. Studinten en dosinten funksjonearje ek yn de maatskippij en dêr steane wy net los fan."
It mûlkapke soarget foar in gefoel fan solidariteit. "It jout miskien in benaud gefoel, mar net ien sit op corona te wachtsjen. We moatte mei syn allen de skouders derûnder sette."
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Ferslachjouwer Auke Zeldenrust by ROC Friese Poort