Ien miljoen fossylfrije kilometers meitsje: Noard-Nederlân sil it besykje

30 sep 2020 - 11:23

Yn trije dagen besykje de trije noardlike provinsjes mei-inoar 1 miljoen fossylfrije kilometers te meitsjen. Dit moat barre yn it Fossielvrij Weekend fan 9 oant en mei 11 oktober. Der is spesjaal in app foar makke dy't de fossylfrije kilometers byhâldt.

Foto: Shutterstock.com (Glitterstudio)

Der is in grut ferskaat oan manieren om oan de aksje mei te dwaan, fertelt Bouwe de Boer fan de organisaasje fan it fossylfrije wykein. Net allinnich kinst de app kilometers telle litte wannear'tst fossylfrij ûnderweis bist, mar ek thúswurkjen kin ynfolle wurde. "Makkest de kilometers nei it wurk ta fansels net", sa seit De Boer, en dy net-makke kilometers brûke gjin fossile brânstoffen. Elkenien yn Fryslân, Drinte en Grinslân kin meidwaan.

App hâldt alles by

Yn de app dy't dizze woansdei presintearre wurdt, kinne minsken harren eigen kilometers byhâlde. De app hâldt by wannear't minsken harren bewege, en makket in oanname: bist oan it rinnen, bist oan it fytsen, of oan it autoriden. Dy oanname kinst lykwols noch wol feroarje, bygelyks om'tst yn in elektryske auto rydst of om'tst yn de bus sitst. Uteinlik telt de app alles by elkoar op, en dan wurdt dúdlik oft it doel fan ien miljoen fossylfrije kilometers helle is.

In stikje ferdivedaasje

It doel op de lange termyn is it betinken foar miljeufreonlike manieren fan bewegen, mar op de koartere termyn is it bewegen sels it doel. "Yn dizze coronatiden binne wy mear thús, en hawwe wy faaks minder romte om te bewegen", sa seit De Boer. "Ek is it fansels in stikje ferdivedaasje. Kinst yndividueel oan de aksje meidwaan, mar tagelyk kinst mei in hiele groep besykje in doel te berikken." Sa kinne bedriuwen in groep oanmeitsje foar harren meiwurkers om mei-inoar kilometers te meitsjen, en ek in eigen doel sette. Kinst ek in groep meitsje mei dyn freonen, of mei dyn doarp.

Elkenien ien kilometer

Yn hiel Noard-Nederlân wenje goed ien miljoen minsken, dus as elkenien meidocht oan de aksje, hoecht elkenien mar ien kilometer duorsum te reizgjen, of as 100.000 minsken meidogge, meitsje se elk 10 kilometer. It doel fan ien miljoen fossylfrije kilometers kin dus realisearre wurde. Bouwe de Boer hat goeie hoop, mar bliuwt realistysk. "It is foarstelber dat wy it helje, mar der moat fansels wol wat barre. Boppedat moatst de app dan wol brûke."

Oanpast programma

Troch de oanskerpe coronamaatregels is it programma wol wat oanpast. De iepenstelling fan Fryske foarbyldbedriuwen kin net trochgean. It komt no oan op yndividuele aksjes. De bussen fan Arriva ride net, dit programma wurdt takom jier werhelle as dat wer mooglik is.

Bouwe de Boer

De app 'Movefit' is fan sneon ôf oan te downloaden.

(advertinsje)
(advertinsje)