Theaterkoor Animato hâldt nei 63 jier op te bestean: "In Ljouwerter monumint giet ferlern"

Nei 63 jier falt it doek foar Theaterkoor Animato, better bekend as de Leeuwarder Opera- en Operette Vereniging Animato. Animato is oprjochte yn 1957 en luts earder folle sealen. No binne der noch mar 23 leden oer, en dy binne gemiddeld 65 jier. Troch de coronakrisis kinne se hast net mear repetearje en it slagget ek net mear om it lêste grutte stik, dat yn 2021 opfierd wurde soe, foar elkoar te krijen.
Animato mei solisten, ensemble en dûnsers yn 2018 nei de foarstelling 'Op reis' © Animato
"Mei pine yn it hert ha we dit beslút nommen", fertelt Detty ten Dolle fan Animato. "Dit ein hienen we sa net wollen fansels. We hienen graach noch de grutte foarstelling takom jier meitsje wollen, mar it siet der net mear yn. Hiel spitich. It docht sear, der giet ek in Ljouwerter monumint ferlern."
Begjin dit jier hie de feriening al twivels oer de helberens fan dat stik om't der noch mar 23 leden binne. Earder lutsen de foarstellingen folle sealen, mar de lêste jierren kamen der minder besikers. "Der is minder ynteresse foar ditsoarte fan muzyk, dus krigen we ek minder ynkomsten. We kinne alle kosten net mear betelje."

Tal fan hichtepunten

Se sjocht werom op tal fan hichtepunten, útfieringen mei tal fan solisten en in grut orkest. "Takom jier soenen we 'Zar und Zimmermann', in opera fan Albert Lortzing dwaan. Dat is in prachtige operette en dy soenen we yn nij jaske jitte, wat moderner en we soenen solisten ynfleane, mar it waard gewoan te krap allegear. Dus we hâlde no definityf op."
De feriening hat in hiel soad kostúms, in kolleksje fan sa'n 3.000 stiks. Wat bart dêrmei? "Dat moatte we noch betinke, miskien ha oaren der belang by? Dy kinne har wol by ús melde."
It ôfskied fan de leden kin no fanwegen corona net trochgean, mar takom jier wolle se noch wol wat dwaan foar de leden.
Detty ten Dolle fan Animato