Betinking op Magister Alvinus Snits nei hommels ferstjerren teamlieder

30 sep 2020 - 11:01

Op RSG Magister Alvinus yn Snits wurdt woansdeitemoarn mei alle 1.900 learlingen en de meiwurkers stilstien by it hommels ferstjerren fan in meiwurker. De plysje melde tiisdeitemoarn dat der in libbenleas lichem oantroffen wie yn it wetter oan de Pasfeardyk yn Snits. It bliek om in 49-jierrige meiwurker fan de skoalle te gean.

RSG Magister Alvinus yn Snits - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

De man wie teamlieder fan de havo-ûnderbou by de skoallemienskip. Earder wie hy muzykdosint en jierrenlang oan de skoalle ferbûn.

Doe't tiisdeitemiddei bekend waard dat it om in meiwurker fan it RSG Magister Alvinus gie, waarden alle lessen fuortendaalks stillein. Syn ferstjerren kaam as in grutte skok op de ûnderwiisynstelling.

Woansdeitemoarn binne earst de dosinten op 'e hichte brocht fan it ferstjerren fan harren kollega. De learlingen kamen letter op skoalle. Der is in spesjale betinkingsromte ynrjochte op de skoalle, dêr't minsken ek de kâns krije om in kondoleânseregister te tekenjen.

De plysje meldt dat ûndersyk útwiisd hat dat de man net ferstoarn is as gefolch fan in misdriuw. Hy soe net goed wurden wêze. It ûndersyk is dêrom ôfsletten.

(advertinsje)
(advertinsje)