Giele boeien markearje rêstplakken foar fûgels foar de winter

30 sep 2020 - 10:49

Giele boeien markearje fan tongersdei 1 oktober ôf de fûgelrêstgebieten. Wettersporters en sportfiskers wurdt frege om oant 1 april de gebieten net yn te farren. Oerwinterjende wetterfûgels rêste hjir en bouwe reserves op foar't se wer trochfleane. Giele boeien mei blauwe stickers mei in slob en de tekst 'Vogelrustgebied' jouwe de rêstsônes oan.

Foto: Provinsje Fryslân

De fûgelrêstgebieten lizze yn de Snitser Mar, de Wite en Swarte Brekken, de Aldegeasterbrekken, de Fluezen en de Alde Feanen. Se lizze lâns de ûndjippe rânen fan marren en net yn de fargeulen. Wettersporters en sportfiskers kinne dus wol gebrûk meitsje fan de fargeulen.

Soms kin ien fartúch of persoan al fan inkele hûnderten meters ôf foar foldwaande fersteuring soargje om de fûgels opfleane te litten. Benammen by grutte groepen fûgels kin dit foar in soad ûnrêst soargje.

Reserves opbouwe

Wetterfûgels lykas de smjunt, slob, lytse seachbek of piiptjilling, oerwinterje graach yn Fryslân. Se hawwe tiid en rêst nedich om foldwaande te iten en oan te sterkjen. Al dizze reserves brûke se om letter wer nei de simmerferbliuwen te fleanen om te neskjen. Alle kearen dat se ûnnedich opfleane, ferlieze se wat fan har enerzjyfoarried.

(advertinsje)
(advertinsje)