Liveblog | 30 septimber 2020

Coronanijs 30 septimber: Buma wol dúdlikheid oer mûlkapkesadvys: "Wat is de bedoeling?"

Yn dit liveblog hâlde wy jo op 'e hichte fan it lêste coronanijs yn Fryslân en de rest fan it lân.
Lêst bywurke: 1 oktober 2020, 06:00
23:00

Ein fan dit liveblog

Oant safier dit coronaliveblog fan woansdei 30 septimber. Tongersdei is der op ús webside en yn ús app in nij liveblog mei it lêste Fryske nijs oer it coronafirus.
22:57

Snitser mûlkapkefabrikant klear foar twadde weach

Snitser tekstylbedriuw en mûlkapkefabrikant Lampe is klear foar in twadde coronaweach. Neffens eigener Quintus Lampe is in wichtige en nagelnije mûlkapkemasine klear en kin der oer twa wiken flink opskaald wurde nei in fabrikaazje fan sa'n miljoen mûlkapkes yn de moanne.
It bedriuw makke earst allinne filters en oare tekstylprodukten, mar hat yn dizze coronakrisis de gearwurking opsocht mei twa oare bedriuwen. Yntusken is Lampe in wichtige leveransier wurden fan benammen de sertifisearre medyske mûlkapkes. "Onze focus is puur de zorg, nog steeds verpleeghuizen, ziekenhuizen, de eerste lijnzorg, om die producten te leveren. Dat zijn de gecertificeerde medische maskers. Uiteraard kijken we ook naar de niet-medische. Ja, mijn handen jeuken, ik heb de materialen. Maar goed, je kunt niet alles."
© Omrop Fryslân, Willem de Vries
22:28

"Hoareka moat sels beslisse oer opfolgjen mûlkapkesadvys"

Alle hoareka-ûndernimmers moatte sels beslisse oft se it nije mûlkapkesadvys fan it kabinet opfolgje. Dat lit brânsjorganisaasje Koninklijke Horeca Nederland (KHN) witte. Dy seit dat de folkssûnens altyd op nûmer 1 stiet by de hoareka-ûndernimmers. De organisaasje fynt wol dat de oerheid moat "onderbouwen waarom mondkapjes nodig zijn en wat dit qua veiligheid oplevert". Foaral as der besletten wurdt de mûlkapkes ferplichte te stellen. De KHN fynt dat der dan mear frijheden komme moatte foar de hoareka. "Zoals België en Duitsland waar bijvoorbeeld 10 personen of meer aan tafel zijn toegestaan."
21:34

Earste wedstriid Foekje Dillema Bokaal útsteld

De earste hurdrinwedstriid om de Foekje Dillema Bokaal op it nije parkoers by Meckama State yn Kollum is fanwege de strangere coronamaatregels foarearst útsteld oant 27 maart 2021. De wedstriid soe tongersdei 22 oktober hâlden wurde.
21:01

Learlingen Montessori High School thús fanwege corona

Alle Havo 4-learlingen fan de Montessori High School Piter Jelles yn Ljouwert moatte de rest fan de wike thús online lessen folgje. Ien fan de learlingen is posityf test op corona. De oare klassen ha gewoan les op skoalle.
De skoalle hat mei de GGD oerlein en der is in boarne- en kontaktûndersyk opset. Moandei 5 oktober binne de learlingen dy't gjin klachten ha wer wolkom op skoalle.
19:52

"Reguliere soarch kin yn de knipe komme troch corona"

De Noardlike sikehûzen melde dat it opskalen fan de coronasoarch ta skea gean kin fan de reguliere soarch. By in sikehûs yn Grinslân binne tsientallen operaasjes ôfsein, fanwege sykte ûnder it personiel. Neffens in wurdfierder fan de organisaasje dy't de soarch koördinearret, riede se har ta op it ôfskalen fan de reguliere soarch. Foar Fryslân hat dat foarearst gjin gefolgen.