Coronanijs 30 septimber: Buma wol dúdlikheid oer mûlkapkesadvys: "Wat is de bedoeling?"

30 sep 2020 - 23:01
  • Foar hiel Nederlân jildt fan no ôf it driuwende advys om yn de publike romte in mûlkapke te dragen;
  • Der binne de ôfrûne 24 oeren 94 nije coronabesmettings by kaam yn Fryslân. Skiermûntseach is de iennige gemeente fan Nederlân dy't noch coronafrij is;
  • Kafee Harry's Bar yn Appelskea is sletten om't de eigener him net hold oan de coronamaatregels;
  • Mûlkapkes wurde foarearst net ferplicht steld op universiteiten en hegeskoallen.
23:00
Ein fan dit liveblog

Oant safier dit coronaliveblog fan woansdei 30 septimber. Tongersdei is der op ús webside en yn ús app in nij liveblog mei it lêste Fryske nijs oer it coronafirus.

22:57
Snitser mûlkapkefabrikant klear foar twadde weach

Snitser tekstylbedriuw en mûlkapkefabrikant Lampe is klear foar in twadde coronaweach. Neffens eigener Quintus Lampe is in wichtige en nagelnije mûlkapkemasine klear en kin der oer twa wiken flink opskaald wurde nei in fabrikaazje fan sa'n miljoen mûlkapkes yn de moanne.

It bedriuw makke earst allinne filters en oare tekstylprodukten, mar hat yn dizze coronakrisis de gearwurking opsocht mei twa oare bedriuwen. Yntusken is Lampe in wichtige leveransier wurden fan benammen de sertifisearre medyske mûlkapkes. "Onze focus is puur de zorg, nog steeds verpleeghuizen, ziekenhuizen, de eerste lijnzorg, om die producten te leveren. Dat zijn de gecertificeerde medische maskers. Uiteraard kijken we ook naar de niet-medische. Ja, mijn handen jeuken, ik heb de materialen. Maar goed, je kunt niet alles."

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries
22:28
"Hoareka moat sels beslisse oer opfolgjen mûlkapkesadvys"

Alle hoareka-ûndernimmers moatte sels beslisse oft se it nije mûlkapkesadvys fan it kabinet opfolgje. Dat lit brânsjorganisaasje Koninklijke Horeca Nederland (KHN) witte. Dy seit dat de folkssûnens altyd op nûmer 1 stiet by de hoareka-ûndernimmers. De organisaasje fynt wol dat de oerheid moat "onderbouwen waarom mondkapjes nodig zijn en wat dit qua veiligheid oplevert". Foaral as der besletten wurdt de mûlkapkes ferplichte te stellen. De KHN fynt dat der dan mear frijheden komme moatte foar de hoareka. "Zoals België en Duitsland waar bijvoorbeeld 10 personen of meer aan tafel zijn toegestaan."

21:34
Earste wedstriid Foekje Dillema Bokaal útsteld

De earste hurdrinwedstriid om de Foekje Dillema Bokaal op it nije parkoers by Meckama State yn Kollum is fanwege de strangere coronamaatregels foarearst útsteld oant 27 maart 2021. De wedstriid soe tongersdei 22 oktober hâlden wurde.

21:01
Learlingen Montessori High School thús fanwege corona

Alle Havo 4-learlingen fan de Montessori High School Piter Jelles yn Ljouwert moatte de rest fan de wike thús online lessen folgje. Ien fan de learlingen is posityf test op corona. De oare klassen ha gewoan les op skoalle.

De skoalle hat mei de GGD oerlein en der is in boarne- en kontaktûndersyk opset. Moandei 5 oktober binne de learlingen dy't gjin klachten ha wer wolkom op skoalle.

19:52
"Reguliere soarch kin yn de knipe komme troch corona"

De Noardlike sikehûzen melde dat it opskalen fan de coronasoarch ta skea gean kin fan de reguliere soarch. By in sikehûs yn Grinslân binne tsientallen operaasjes ôfsein, fanwege sykte ûnder it personiel. Neffens in wurdfierder fan de organisaasje dy't de soarch koördinearret, riede se har ta op it ôfskalen fan de reguliere soarch. Foar Fryslân hat dat foarearst gjin gefolgen.

19:30
Buma wol dúdlikheid oer lanlik mûlkapkesadvys

Boargemaster en foarsitter Sybrand Buma fan Veiligheidsrego Fryslân wol dúdlikheid oer it driuwende advys fan it kabinet om yn hiel Nederlân mûlkapkes te brûken yn de iepenbiere romte. It beslút foar in lanlike rjochtline foel woansdei op oantrúnjen fan partijen yn de Twadde Keamer. Buma hat der lykwols in soad fragen by. "Wat is nou precies de bedoeling, waar wel en waar niet? En wat is ook de rol voor de Veiligheidsregio hierin?", freget er him ôf.

It beslút fan it kabinet om de regeling fuortendaliks yngean te litten, kaam as in ferrassing foar Buma. "Voor mij is dit nieuw omdat ik afgelopen maandag van het kabinet heb gehoord, en van Jaap van Dissel van het RIVM, dat een mondkapjesplicht juist niet zou moeten. De druk van de Kamer zegt nu dat het wel moet. Ik wil graag weten wat we moeten doen om het zo veilig mogelijk te maken en wat daarin past. Als dat mondkapjes zijn, prima, maar dan moet ik weten hoe. Zodat de Friezen ook uitgelegd kunnen krijgen wat de gedachte hier is."

Sybrand Buma, boargemaster en foarsitter fan Veiligheidsrego Fryslân

18:04
Reedrydbubbel Thialf fan 'e baan

Dit jier wurde der gjin wrâldbekerwedstriden riden yn Thialf op It Hearrenfean. It ynternasjonale bûn ISU hat de lêste tiid ûndersocht oft der in saneamde reedrydbubbel komme koe op It Hearrenfean, mar woansdei is besluten dat it net troch giet. Der is te folle ûnsekerheid fanwege it coronafirus. It nasjonale reedrydbûn KNSB sil de kommende tiid sjen oft der yn novimber en desimber ekstra reedrydwedstriden organisearre wurde kinne yn it plak fan de wrâldbekers.

17:55
Húsdokters taret op nije coronapyk

Yn de pyk fan de corona-útbraak, mar ek yn de perioade dêrnei, fielden húsdokters har net by steat om al har pasjinten goed te helpen. Dat docht bliken út ûndersyk ûnder 1.600 húsdokters. Se jouwe oan dat se harren soargen meitsje oer de gefolgen dy't dit hat foar âlderein en kwetsbere pasjinten. Neffens de Fryske Húsdoktersferiening binne dokters dizze perioade goed taret op corona.

"Vooral in het begin, zo half maart, begin april, moesten we natuurlijk op een ander manier werken, en moesten we snel schakelen, maar we waren wel in staat om mensen goed te helpen. Maar wel anders dan voor corona", seit Karin Groeneveld fan Fryske Húsdoktersferiening.

Karin Groeneveld

16:48
Meiwurkers Ljouwerter sportskoalle drage mûlkapkes

Ha mûlkapkes nut of net? Net elkenien is it der oer iens, mar by sportskoalle My Healthclub oan it Saailân yn Ljouwert sille meiwurkers fan tongersdei ôf allegearre mûlkapkes drage. "We willen de mensen laten sporten in een veilige omgeving en we hebben dus besloten de medewerkers te voorzien van een mondkapje", seit lokaasjemanager Rudi van der Burg fan My Healthclub. "Baat het niet, dan schaadt het niet."

Neist alle oare coronamaatregels dy't de sportskoalle al nommen hat, sa as in spesjale rinrûte en ûntsmettingsmiddels foar de sporters, wurdt ek de kapasiteit beheind en sil der gjin 1 op 1 begelieding mear jûn wurde.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Lokaasjemanager Rudi van der Burg fan My Healthclub yn Ljouwert

Trefwurden: 
liveblog coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)