Kollum: "Stadich"

30 sep 2020 - 08:30

"Lit ik it foarsichtich sizze: de snelheid fan hanneljen fan de oerheid is net sa grut. Dat brekt dy oerheid yn dizze coronatiid absolút op. Besmettingen gean hurder as it tinken dêroer. De oerheid is lykwols noait rap yn it nimmen fan besluten. Dat is ús skuld, om't wy soarge ha dat we altyd oeral oer meihaffelje kinne. No dat dogge we dan ek.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Eelke Lok

It is foar it oare in wrâldwiid probleem. Alde minsken lykas my gripe dan daliks wer werom nei de 60-er jierren. Oarloch yn Fjetnam. Alle dagen de meast freeslike bylden op de telefyzje. Foar it earst kearde de wrâld him tsjin de Amerikaanske polityk.

We mochten fan in boer in stikje greide tusken Beetstersweach en Nij Beets brûke. Dêr sloegen we alle sneontemoarns allegear gatten yn. De middeis yn optocht dêrhinne. Dan setten we yn elk gat in krús, dat stie elk foar tsien deaden. Der stienen hûnderten krusen op it lêst.

Soks barde de hiele wrâld oer. Op in gegeven stuit gie Amearika fuort út Fjetnam. Folle letter ha we pas begrepen dat it net oan ús krúskes lei, mar om't de noard-Fjetnamezen better wienen yn in jungle-oarloch.

Yntusken hienen we omraak Amerikaanske kearnwapens yn it lân. Dy woenen we wol fuort ha. Watte, santich persint fan it Nederlânske folk woe dat wol graach. Sa'n 40 jier lang aksje. Lubbers hie lykwols de Amerikanen fan alles tasein. Hy woe net om lyk. Uteinlik ha we it wûn, mar likegoed lizze se noch yn Volkel. De SP is fan 'e wike wer aksje begûn om se dêr dochs ek mar wei te heljen.

Doe makken we nije spandoeken. Tsjin kearnenerzjy. Dat rêden we rap op, fanwege Tsjernobyl. Doe wie de oerheid ek benaud. Dat is de VVD no net mear, dus dy begjinne no wer spandoeken fóar kearnenerzjy te skilderjen.

Dat binne fan dy ivige diskusjes. Dy bliuwe hieltyd trochgean en dan wurdt de oerheid noch folle stadiger. Nim no yn Fryslân. De igge lâns it waad waard in dyk. De see dêrnjonken foel drûch. Boeren seagen dêrnei en seine dat kinne we wol brûke. As we dêr jirpels sette, hoecht mem der yn de keuken gjin sâlt mear oer te dwaan.

Begjin 70-er jierren wiene der lykwols in hiel soad lju dy't mear fan frettende fûgels hâlden as fan Waadjirpels. Natuerfreaks. Lange, hiel lange diskusjes. De natuer wûn úteinlik. Dy natuerlju boartsje troch. Se wolle no ek de boeren binnen de dyk ferdriuwe. Fersilting. Dan kinne dy fûgels ek efter de dyk frette. Moai om te sjen dat de boeren har no fersette op deselde wize sa't de natuerminsken dat yndertiid dwaan moasten.

It alderstadichst dogge se fansels mei de fleanbasis Ljouwert. Sa stadich dat ik dêr net mear oer kin. Ferline wike op Twitter in berjochtsje fan de basis dat de F-16's fan Ljouwert no ferantwurdlik binne foar de ferdigening fan de loft boppe de BeNeLux. Yn de takomst dogge de F-35's dat. Dy binne trije kear sa lûd. Dy binne net te beteljen. As der ûnwaar is boppe de BeNeLux wurdt der net ferdigene. We binne dochs ferdoarje net yn oarloch of sa. Ferdigening fan de loft. Skyt omheech.

De befolking fan Fryslân en benammen de lju om de basis hinne wurde kear op kear al 75 jier lang ferneukt.

Altyd mar wer dat it lûd net te lûd is, mar dat kinne je net hearre om't dy fleantugen te lûd binne.

Altyd mar wer regearingspartijen dy't sizze dat we safolle wurkgelegenheid fan dy fleanbasis ha. Mar as it wurk fanwege corona der net mear is, sizze se dat der mei gauwens oar wurk is. Sykje dat dan ek foar de fleanbasis.

En altyd mar wer, stel dat de Russen in kear komme. Fantasten.

Ik ha der myn nocht fan. Ik soe wolle dat jim dizze twadde coronaweach brûke om, mei my, ris hiel goed nei te tinken wat foar wrede aksje je dwaan kinne soenen om dy ivige mieninkjes yn ien kear fuort te soademiterjen. Sjitte of konstant drones is te maklik. We moatte net mear tsjin de basis wêze; we moatte in beweging foarmje om de basis definityf fuort te krijen. Skouderophellers dogge net mear mei. Dan binne je fout nei de oarloch."

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(advertinsje)
(advertinsje)