Hospice Snits bestiet tweintich jier: "Behoefte neemt alleen maar toe"

30 sep 2020 - 08:00

Tweintich jier nei de oprjochting fan it earste hospice yn Fryslân, binne de huzen dêr't minsken yn alle rêst stjerre kinne noch altyd fan belang. Miskien noch wol mear as yn it ferline. Dat fynt koördinator fan hospice De Kime yn Snits Berber Roelofsen. Omrop Fryslân bringt de kommende trije dagen de ferhalen út it hospice.

"De bezetting is nu al hoog. Meestal is iedereen vol", seit Roelofsen. "Niet alleen in Sneek, maar ook bij onze andere collega's in Friesland. Ik denk dat de behoefte voor een hospice alleen nog maar zal toenemen." Dat dy behoefte tanimt, komt neffens har trochdat âlderen langer thús wenjen bliuwe.

It inisjatyf foar it hospice kaam fan in freondinne fan Roelofsen. "Haar moeder was helemaal alleen in het ziekenhuis overleden. Dat was voor haar een hele slechte ervaring. Daarom wou mijn vriendin kijken of er andere mogelijkheden waren. Ze heeft er veel onderzoek naar gedaan en is zelfs in Engeland geweest."

Op freed 29 septimber 2000 wie it dan safier: de iepening fan Hospice Súdwest-Fryslân. Der wie plak foar trije minsken en Roelofsen begûn dêr as frijwilliger. "Ik werkte toen zelf in het ziekenhuis als verpleegkundige. Daar ben je altijd gericht op behandelen, maar soms kan dat niet meer. Dan is het goed als er een alternatief is voor waar iemand heen kan en waar er tijd is om bij iemand te zitten. In het ziekenhuis heb je de tijd er niet voor."

Foto: Omrop Fryslân

Er was steeds meer behoefte aan en Sneek was een voorbeeldfunctie.

Koördinator Berber Roelofsen

Al gau nei de oprjochting yn Snits wurdt der praat oer mear hospices yn Fryslân. "Er was steeds meer behoefte aan en Sneek was een voorbeeldfunctie", fertelt Roelofsen. "Kinderen willen alles wel doen voor de ouders. Maar als je niet dichtbij woont, wordt het knap moeilijk."

It duorret allinnich wol even foardat der mear plakken iepenje. Yn juny 2002 is der ek yn Harns in hospice foar trije minsken. En yn novimber 2003 hat Ljouwert plak foar fjouwer minsken. Letter folgje ek Drachten en It Hearrenfean. Yn totaal binne der no 23 plakken beskikber yn Fryslân.

Gjin jild

Wylst der wol ferlet fan hospices is, duorret it noch folle langer foardat de huzen struktureel jild krije. De earste tsien jier wie it foar De Kime altyd ôfwachtsjen oft der genôch jild binnen kaam. It wie pas yn 2012 foardat dat feroare. Fan dat jier ôf wurdt twatredde subsidearre troch it Ryk. De rest fan it jild komt fan jeften en sponsoaren.

De vrijwilligers doen altijd hun best, maar dan nog meer.

Koördinator Berber Roelofsen

Mar jild is foar De Kime net it wichtichste. Dat binne de frijwilligers neffens Roelofsen. "De vrijwilligers doen altijd hun best, maar dan nog meer. We zijn ooit begonnen met 40 vrijwilligers en zitten nu in de luxe positie dat we 110 vrijwilligers hebben. Zonder de vrijwilligers kunnen we niks." Yn it Westen is dit hiel oars by hospices. Dy moatte der alles oandwaan om genôch frijwilligers te finen.

Ien fan de frijwilligers by De Kime is Gerrie Hendriks. Sy is ek al sûnt de iepening ferbûn oan it hospice yn Snits. "We proberen het voor onze gasten zo fijn mogelijk te maken. Ik kan me nog herinneren dat iemand graag hete bliksem wilde eten, maar ik had het nog nooit gemaakt. Ik heb het gewoon geprobeerd te maken. Dat soort dingen vergeet je niet."

Tongersdei besteegje we yn dizze koarte rige mear omtinken oan it ferhaal fan Gerrie Hendriks.

De takomst

Mar hoe sjocht de takomst foar it hospice der út? De fraach nimt hieltyd mear ta, mar mear plakken realisearje is lestich, seit Roelofsen. "We willen liever niet uitbreiden, omdat je de kleinschaligheid wilt houden in een hospice."

Ien fan de saken dêr't noch wol yn útwreide wurde kin, binne de frijwilligers fan it hospice dy't nei de minsken thús gean. Dy frijwilligers jouwe stipe oan mantelsoargers om de soarch op guon mominten oer te nimmen. "Het werk wat ze thuis bij de mensen doen, is zo waardevol. Dat moet ook zeker niet vergeten worden."

Histoarysk oersjoch hospice

Op freed 29 septimber 2000 iepenet Hospice Súdwest-Fryslân de doarren. It earste hospice fan Fryslân. Yn Snits is der plak foar trije minsken. In jier letter binne der al soargen. It hospice yn Snits moat mooglik slute as der gjin strukturele stipe komt.

Al gau nei de oprjochting yn Snits wurdt der praat oer mear hospices yn Fryslân, mar it duorret even foardat dy plakken iepenje. Yn juny 2002 is der ek yn Harns in hospice foar trije minsken. En yn novimber 2003 hat Ljouwert plak foar fjouwer minsken. Letter folgje ek Drachten en It Hearrenfean.

It hospice Súdwest-Fryslân yn Snits wie yn 2004 al te lyts. Dat docht bliken út in ûndersyk nei it funksjonearjen fan it hûs. Der hawwe yntusken tsientallen pasjinten gebrûk makke fan it hûs. Belangrykste probleem fan it hospice is dat de finansiering noch hieltiten net struktureel regele is.

Yn 2012 komt der pas feroaring yn de finansjele situaasje as der struktureel jild komt fan it Ryk. Fan dat jier ôf kin der mei subsydzje twatredde finansierd wurde.

It belang fan it hospice wurdt yn 2019 dúdlik as der in tekoart oan soarchplakken is. De ferwachting is dat dit tekoart hieltyd slimmer wurdt, om't âlderen langer thús wenjen bliuwe.

(advertinsje)
(advertinsje)