Nije coronamaatregels safolste klap foar hoareka: "Moeten er een positieve draai aan geven"

30 sep 2020 - 07:32

Om 21.00 oere gjin nije minsken mear nei binnen, om 22.00 oere de doarren ticht. Tiisdeitejûn waarden de nije coronamaatregels fan krêft. It kaam as in hurde klap foar de hoareka. Eigeneres Anouk van Ommen fan Ierske Pub 'De Poort van Cleef' yn Snits fûn it dreech om nei njoggenen gasten fuortstjoere te moatten: "Dat doe ik liever niet, maar helaas moet het."

Irish Pub De Poort van Cleef yn Snits - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Foar Van Ommen kamen de nije regels as in ferrassing. "De maatregelen van anderhalve meter en maximaal 4 mensen aan één tafeltje zijn al heel moeilijk te handhaven en als je dan ook nog een paar uur eerder dicht moet, dan is het zwaar. We zaten met geknepen billen voor de tv", fertelt se. Normaal gie har pub pas om 1.00 of 1.30 oere ticht. "We proberen om 21.00 uur iedereen nog te laten genieten van een drankje, maar om 22.00 uur moeten helaas toch echt de deuren dicht en moet iedereen naar huis."

Om tafel

Van Ommen gie tiisdei fuort mei har team om tafel om te praten oer wat de maatregels foar harren betsjutte en hoe't se dy tapasse sille yn harren kroech. "De roosters moesten worden aangepast, maar het team staat er gelukkig positief in." It bliuwt lykwols in flinke klap foar de kroech. "De zoveelste klap, maar daar moeten we ook zien uit te komen. We moeten er een positieve draai aan geven en kijken wat wel de mogelijkheden zijn."

Om it gasten dochs sa oangenaam mooglik te meitsjen, hat se ferskate oplossings betocht. Sa hat se spultsjes kocht dêr't gasten har mei fermeitsje kinne en wurde der yn de kroech hapkes útdield. "We proberen het hen zo comfortabel mogelijk te maken. De gasten mogen geen last hebben van wat er achter de schermen gebeurt."

Anouk van Ommen fan de Ierske pub yn Snits

Irish Pub De Poort van Cleef yn Snits - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Van Ommen seit goed kontakt te hawwen mei de gemeente en hanthavers. "De communicatie is erg fijn, zij begrijpen onze zorgen ook. Ze zijn erg schappelijk en willen meedenken in alles wat er gebeurt." Har plannen foar de takomst moat Van Ommen lykwols earst efkes yn de iiskast sette. "We moeten nu kijken naar hoe het met de besmettingen gaat, zodat we straks niet in een algehele lockdown zitten."

Op de terrassen wie te sjen dat minsken dy't nei njoggenen noch in plakje sochten, nul op it rekest krigen. De measte hoarekagasten hawwe begryp foar de strangere maatregels, mar net eltsenien kin him deryn fine. Brabânske toeristen op it terras yn Snits fine de nije maatregels bygelyks mar oerdreaun. "Ik zie de logica er niet van in. Ik snap niets van 22.00 uur...", seit in man. "Als je kijkt wat het betekent voor een kleine kroeg, dan is dat heel veel", heakket in frou dêroan ta.

Ferslachjouwer Willem de Vries seach yn 'e hoarkea yn Snits

(advertinsje)
(advertinsje)