Plysje ûndersiket grut wetterlek yn leechsteand gebou Ljouwert

De plysje ûndersiket in grut wetterlek tiisdeitejûn yn in gebou oan de Voltastrjitte yn Ljouwert. In monteur fan netbehearder Liander kaam dêrby yn 'e problemen. It gebou wie ûnderstrûpt en doe't in monteur fan Liander poalshichte naam yn it gebou, koe hy der net mear selsstannich útkomme. De plysje hat de man mei help fan de brânwacht út it gebou helle.
© CAMJO media
Netbehearder Liander en wetterliedingbedriuw Vitens kamen krekt foar tolven ôf op in melding fan wetteroerlêst yn in leechsteand pân op bedriuweterrein De Zwette. Al gau die bliken dat der folle mear wetter yn it gebou stie as tocht. Ien fan de monteurs kaam dêrtroch fêst te sitten. Hy koe net mear sels nei bûten ta komme.
De brânwacht waard fuortendaliks ynskeakele. Der waarden ek dûkers oproppen, mar dy hoegden der net oan te pas te kommen. Uteinlik slagge it plysjeminsken de man mei behelp fan in ljedder te befrijen. It slachtoffer is kontrolearre troch meiwurkers fan de ambulânse, mar hoegde net nei it sikehûs.
Troch de lekkaazje streamde in soad wetter de strjitte yn. It gebou is leechpompt en it lek tichtmakke. De plysje ûndersiket no oft der sprake is fan strafbere feiten.
Wurdfierder Marloes de Vink fan Liander