Kolleezje Weststellingwerf set besunigingen op Wmo-soarch troch

29 sep 2020 - 22:24

It kolleezje fan Weststellingwerf set de besunigingen op de Wmo-soarch troch (Wet maatschappelijke ondersteuning). Takom jier giet it al om 600.000 euro, mar yn de nije begrutting stiet in besuniging dy't oant 2024 oprint oant 1,4 miljoen euro.

It gemeentehûs fan Weststellingwerf - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Neffens it kolleezje kin benammen de húshâldlike help 'effisjinter.' Dy help moat nei sa'n 2,1 oere de wike. Dat is no noch hast in oere mear. Ed de Vries fan kolleezjepartij VVD hie wol yn de gaten dat dit net in moaie boadskip is. "Maar de afgelopen jaren hebben we ook meer uren toegekend dan nodig was. Niets doen is geen optie gelet op het enorme tekort. Het wordt nog een hele puzzel om de stijgende zorgkosten te kunnen ophoesten."

Opposysjepartijen binne der net wiis mei. Sa sei Ronald Westenberg (D66) dat it kolleezje mei in tsiisskaaf oan it besunigjen is, sûnder fisy. Gaby Thijssen fan GrienLinks neamde it sels asosjaal. It kolleezje joech op syn bar oan dat de opposysje net meitocht oer in oplossing.

Trefwurden: 
Weststellingwerf soarch Wmo
(Advertinsje)
(Advertinsje)