Hester Simons nije direkteur Stichting Alde Fryske Tsjerken

Hester Simons út Ljouwert is de nije direkteur fan Stichting Alde Fryske Tsjerken. Simons begjint op 19 oktober oan har nije baan as boechbyld fan de organisaasje dy't 52 tsjerken yn Fryslân yn behear hat. Simons is hikke en tein yn Fryslân. It is de dochter fan byldzjend keunstner Gerrit Terpstra. Fia har heit groeide se op mei it fiel dat de tsjerken yn Fryslân histoarysk erfgoed binne.
Hester Simons © Jenny Protzman
Op dit stuit wurket Simons noch as 'programmamanager organisatieopgaven' by de gemeente Noardeast-Fryslân. Sy hat ek by de provinsje Fryslân wurke, de gemeente Ljouwert en it Centraal Orgaan Opvang Asielzoekers (COA).
Foar Simons leit der wol in útdaging omdat de ferwachting is dat de kommende tsien jier in soad tsjerken har bestimming ferlieze sille. Hester Simons is de opfolger fan Gerhard Bakker, dy't tsien jier lang direkteur wie fan Stichting Alde Fryske Tsjerken.
De Kapel fan Haskerdiken © Omrop Fryslân, Sian Wierda