"Wêrom steane der gjin froulju yn de skiednisboeken?"

29 sep 2020 - 20:49

"Wêrom steane der eins gjin froulju yn ús lesboek?" Dy fraach krige skiednisdosint Richard Zuiderveld fan Ljouwert ferline jier fan syn learlingen oan it Carmel College yn Emmen. It hat him oan it tinken set. En dat net allinne: hy hat besletten séls mar in boek te skriuwen oer histoaryske froulju foar de berneboekewike: Powervrouwen.

Marie Marvingt - Foto: Wikimedia Commons

Master Zuiderveld wist net goed wat er antwurdzje moast op de fraach fan de learlingen. "Het was een hele goede vraag, want ik kon eigenlijk geen goed antwoord geven. Ik weet niet meer precies wat ik heb gezegd, maar ik kwam thuis en was niet tevreden met mijn antwoord. Toen bedacht ik me dat ik me in de zomervakantie wat meer wilde verdiepen in de vrouwen in de geschiedenis."

Tradisjonele rolpatroanen

In soad skiednisboeken bliuwe dochs noch hingjen yn de tradisjonele ideeën oer de rollen fan manlju en froulju, seit Zuiderveld. "De lesboeken geschiedenis zijn heel erg op de basisstof gericht over de grote lijn van de geschiedenis, daar spelen mannen vanuit de oude ideeën een grotere rol in. Maar voor een aantal meiden was het een gemis: waarom zien we zo weinig vrouwen in de les terugkomen. Dus daar wilde ik wat aan veranderen. Ik dacht: ik ga een nieuw boek maken, met alleen vrouwen in de hoofdrol. Ik heb 35 vrouwen uitgezocht van wie ik dacht: zij hebben een interessant verhaal."

Fan operasjongster oant gefjochtsfleanster

Hy kin wol in pear foarbylden neame. "Sommige vrouwen kent iedereen wel, zoals Cleopatra of Elizabeth I. Maar anderen ken je helemaal niet. Bijvoorbeeld Julie d'Aubigny, zij was een Franse, biseksuele operazangeres die fantastische avonturen beleefde. Van schermwedstrijden tot kroeggevechten, ze was een hele bijzondere vrouw. Ik was ook onder de indruk van Marie Marvingt, toevallig ook een Franse. Zij was de eerste vrouwelijke gevechtspilote die in de Eerste Wereldoorlog meevocht aan de Franse kant.

In lesboek is it lykwols net wurde. "Het is echt een kinderboek. Zodat het ook leuk is om de historische verhalen te lezen. Het boek komt dinsdag uit en woensdag ligt het in de winkel. Ik ben benieuwd hoe de meiden uit de klas reageren."

Skiednisdosint Richard Zuiderveld

Trefwurden: 
froulju skiednis lesboek
(Advertinsje)
(Advertinsje)