Al 150 Fryske flaggen yn 34 lannen foar Operaasje Fryske Flagge

It startskot fan in grutte ynternasjonale operaasje klonk fan 't simmer: soargje dat de Fryske Flagge in emoji kriget, sadat dy aanst brûkt wurde kin op sosjale media lykas WhatsApp en Facebook. De online redaksje fan Omrop Fryslân die in oprop oan Friezen om utens om in foto mei in Fryske flagge yn te stjoeren. Yntusken hawwe al mear as 150 Friezen dy't bûten Fryslân wenje dêr op reagearre.
© Omrop Fryslân
It doel fan de operaasje is simpel: foto's en ferhalen sammelje fan Friezen út de hiele wrâld, fansels mei in Fryske flagge yn de hannen. "It moaiste soe wêze dat we út alle lannen fan 'e wrâld, dat binne der sawat 200, in foto fan de Fryske flagge krije. It lit sjen hoe ynternasjonaal oft ús Fryske flagge is", seit Ronald van der Pol, redakteur online. It ultime doel is fansels dat der in Fryske flagge-emoji komt.
Ien kear yn de moanne dûkt Omrop Fryslân ek yn de eftergrûn fan de flagge, lykas it ûntstean derfan. Sa waard der al ûndersyk dien nei de kenmerken fan in écht goede Fryske flagge. Dy hat trije wite banen en sân pompeblêden mei harren rûne foarmen, dy't der net as lytse herten útsjen meie. Dat komt nochal krekt, fertelde flaggesaakkundige Eesger Toering yn it radioprogramma De Middei fan Fryslân.
Yntusken binne der op de kaart fan Operaasje Fryske Flagge mear as 150 foto's te sjen fan Friezen om utens út 34 ferskillende lannen. "Dat is al hiel goed, mar dêr kin noch mear by", seit Van der Pol.
Ien kear yn 'e wike wurdt der yn De middei fan Fryslân live op radio belle mei ien fan de ynstjoerders . "En alle kearen blykt wer dat de bân mei de pompeblêden en it heitelân noch hieltyd tige sterk is, hoelang't se faak ek al út Fryslân fuort binne."
Inkelde Friezen om utens dy't al meidien ha:
It krijen fan sa'n nije emoji is noch in hiel trajekt. Der moat in skriftlike oanfraach yntsjinne wurde by in ynternasjonale kommisje en der moat oan nochal wat betingsten foldien wurde. Dy kommisje bepaalt ien kear yn it jier hokker nije emoji's talitten wurde.
Meidwaan oan Operaasje Fryske Flagge? Stjoer dyn foto yn fia de Operaasje Fryske Flagge-side. Dêr binne ek ferhalen fan Friezen om utens dy't al meidien ha te finen. Alle wiken belje we yn ús radioprogramma De middei fan Fryslân mei in Fries bûten Fryslân.
Al 150 ynstjoeringen binne op de kaart pleatst.