Protokollen leine klear, mar Alvestêdehal en Aris moatte wer rap omskeakelje

Ferskate ferieningen, organisaasjes en ynstânsjes hiene krekt de draaiboeken en protokollen klear om harren wer ta te rieden op mear taskôgers. Sa ek basketbalklup Aris en de Alvestêdehal yn Ljouwert. Foar harren betsjutte de nije maatregels wer efkes rap omskeakeljen.
© Omrop Fryslân
Direkteur Klaas Siderius leit út dat it meast wichtige it sluten fan de hoareka is. "Wy meie dêr gjin minsken talitte. Foar ús riders jildt dat de ferieningen gewoan harren riders hjir talitte kinne. Wy hawwe ús bêst dien om alles coronaproof yn te rjochtsjen."

Hoareka ynrjochte

It hâldt wol yn dat der minder jild binnen komt. "Us hoareka smyt in grut part fan ús ynkomsten op. Wy falle nei alle gedachten wol ûnder de definysje fan sportkantine. It is wol spitich dat wy ticht moatte, want wy hawwe in soad romte en brûke QR-koaden. Dêrtroch hawwe wy ek gjin rinbewegingen. En wy binne ek net ynrjochte op in neisit, wat je by it fuotbal bygelyks wol sjogge. Wy hawwe gearkomsten en minsken dy't gewoan del komme foar in waarme poeiermolke, mar groepsfoarming falt hjir bot ta."
Mar it goeie nijs is dat reedriders wol feilich binnen komme kinne, jout Siderius oan. "Der is noch wol wat ûnwissens oer wa't no krekt in begeleider is. De regels op de webside fan de Ryksoerheid geane benammen oer it ferfieren fan riders: oant 17 jier is in sjauffeur in begelieder. Mar wy hawwe hjir ek in soad bern dy't help nedich hawwe mei it ûnderbinen fan de redens. Soks is net echt meinommen yn de regels. Wy hoopje wol dat de bern help krije kinne en dat dy begelieders op feilige ôfstân wachtsje kinne oant it riden foarby is."
© Omrop Fryslân

Gjin moetingsplak

Manager Sierd Dijkman fan Aris hie al in soad wurk stutsen yn it meitsjen fan de protokollen om wer fans ta te litten by de basketbalwedstriden. "Wy hawwe in moai protokol opsteld mei de gemeente om mei sa'n 200 taskôgers yn it Kealledykje te spyljen, mar it moat no sûnder publyk wêze. Us lêste wedstriid wie yn maart. It is wol spitich dat je sa lang net sichtber binne. Wy sjogge ús ek as in moetingsplak foar de fans en de sponsoaren. Dat falt fuort."
Mar goed, sa jout Dijkman oan: "It goeie nijs is dat wy úteinsette kinne, mar dat sil sûnder publyk wêze. It giet der hiel oars út sjen. Alle wedstriden binne aanst mei in livestream te sjen. Dat is foar de frijwilligers, sponsoaren en ús fans wol spitich, mar ek begryplik."