Tûzenen sinnepanielen kinne foarearst op dak Thialf lizzen bliuwe

29 sep 2020 - 16:16

De 5.000 sinnepanielen op it dak fan Thialf op It Hearrenfean kinne yn alle gefallen oant 1 febrewaris 2021 lizzen bliuwe, mar meie foarearst net ynskeakele wurde. Thialf hat fan de fersekerders fjouwer moanne langer de tiid krigen om it iisstadion wer foldwaan te litten oan harren easken.

Foto: CAMJO media / Jaring Rispens

De fersekerders lieten Thialf de ôfrûne maaitiid wite dat se de fersekering op 1 oktober stopsette woene fanwege mooglik brângefaar fan de sinnepanielen. Provinsje Fryslân liet oanslutend ûndersyk dwaan nei de fersekerberens fan de sinnepanielen. Omdat dat ûndersyk noch net klear is, meie de sinnepanielen foarearst lizzen bliuwe sûnder dat de fersekering fuortendaliks opsein wurdt.

It probleem is dêrmei noch net út de wrâld, mar deputearre Sander de Rouwe beskôget de tiidwinst wol as posityf nijs. De provinsje wol besykje foar te kommen dat de 5.000 sinnepanielen fuorthelle wurde moatte, want dat soe in soad jild kostje en Thialf gelyk ek folle minder duorsum meitsje. "Dat is wat my oanbelanget echt in worst case scenario. Net allinnich foar Thialf, mar ek foar oare grutte projekten yn Nederlân mei sinnepanielen op it dak."

Finansjele problemen

Thialf hat al in skoft finansjele problemen en is earder dit jier rêden troch in ekstra finansjele ynjeksje fan de provinsje Fryslân en de gemeente Hearrenfean. It fuortheljen fan de sinnepanielen soe de finansjele posysje fan it iisstadion noch dreger meitsje.

Neffens De Rouwe sit it probleem him net yn it foarste plak yn reëel brângefaar fan de sinnepanielen, mar yn feroare noarmen dy't de fersekerders hantearje. It ûndersyk nei it ferskil fan ynsjoch tusken fersekerders en Thialf rint de kommende moannen noch troch. Yn it ramt fan it ûndersyk sille ûnder oare de direksje fan Thialf en de ynstallateur fierder heard wurde.

Deputearre Sander de Rouwe oer de fersekeringskwestje

(Advertinsje)
(Advertinsje)