Foarstellingen Plien & Bianca yn De Lawei meie trochgean fan Veiligheidsregio

29 sep 2020 - 15:44

De útferkochte foarstellingen fan it kabaretduo Plien & Bianca tiisdei en woansdei yn skouboarch De Lawei yn Drachten kinne trochgean. Dat meldt direkteur Stef Avezaat fan De Lawei oan Omrop Fryslân.

De Lawei yn Drachten - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Nei de oankundiging moandei fan de nije coronamaatregels wie it foar De Lawei net dúdlik wat der barre soe. Se hiene in ultimatum oan de Veiligheidsregio Fryslân steld. Foar trije oere tiisdeitemiddei woe Avezaat witte oft de foarstellingen trochgean koene sa't se pland wiene, mei 240 besikers. Dêr is grien ljocht foar kaam. Hoe't it fierder de kommende trije wiken komt, wit Avezaat noch net.

Amsterdam

Yntusken meie kulturele ynstellingen as teäters en bioskopen yn de regio Amsterdam net mear as tritich besikers ûntfange. Dat hat de feilichheidsregio dêr tiisdei bepaald. De maatregel giet om 18.00 oere yn.

(advertinsje)
(advertinsje)